Roorda stiet foar rentree

25 nov 2011 - 14:01

Geert Arend Roorda makket moandei syn rentree tidens in wedstriid fan de beloften. De middenfjilder fan SC Hearrenfean sil ien helte meidwaan yn it duel tsjin jong PSV.

Roorda is al sûnt augustus blessearre, tidens in training bruts hy syn tean. It herstel fan Roorda ferrint goed, sa traint hy al wer twa wiken op it fjild. Ek Ron Jans is posityf: "Geert is het nog niet verleerd."

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)