sc Hearrenfean nimt bûtenspiler oer fan Bayern München

Alex Timossi © sc Hearrenfean
Sportklup Hearrenfean nimt oanfaller Alex Timossi oer fan Bayern München. De 21-jierrige Sweed tekenet in kontrakt oant de simmer fan 2026 yn Fryslân.
Timossi makke syn profdebút foar Helsingborg doe't er 16 jier wie. Bayern München naam de spiler yn 2018 oer. Dêr skoarde er yn syn earste seizoen fiif kear yn de UEFA Youth League.
In jier letter gong Timossi op hierbasis werom nei Helsingborg. Letter waard er noch twa seizoenen ferhierd oan SK Austria Klagenfurt út Eastenryk. Yn dy twa jier makke er acht goals en joech er alve assists.

Al in soad ûnderfining

Neffens technysk manager Ferry de Haan is Timossi in rappe spiler mei in soad djipgong. "Zowel met als zonder de bal. Daarbij weet hij ook goed het overzicht te behouden voor zijn medespelers voor de goal."
"Ondanks zijn jonge leeftijd heeft hij al ruim honderd wedstrijden in het betaald voetbal gespeeld", seit De Haan. "Het is dan ook een speler waar in onze ogen nog veel rek in zit. We zijn blij dat we hem voor langere tijd hebben kunnen vastleggen."