Spesjale kamera's telle ynsekten om tebekgong yn kaart te bringen

Ynsektekamera © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
It giet net goed mei lytse ynsekten en om de tebekgong yn kaart te bringen, wurde ynsektekamera's ynset.
By Gaast is bûtendyks sa'n kamera delset foar it tellen fan ynsekten, lykas flinters, ingeltsjes, bijen, hommels en neefkes.
De provinsje Fryslân wurket dêrby gear mei Naturalis, it nasjonale ûndersyksynstitút op it mêd fan bioferskaat yn Leiden.
By Gaast is bûtendyks in kamera delset foar it tellen fan ynsekten
"Het is een digitale camera met speciale software om insecten te tellen en te monitoren", seit Chantal Huijbers fan it ynstitút. "Voorheen werd dat op verschillende manieren gedaan zoals met vallen. Dat werkt, maar het is veel mooier als je dag en nacht automatisch insecten kunt tellen en dat doet deze camera."
Ynsektekamera mei giele plaat © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
De kamera makket elke tsien sekonden in foto fan in giel skerm. As der in ynsekt opsit, wurdt dy automatysk herkend. Giel skynt de bêste kleur te wêzen om ynsekten oan te lûken.
Ferslachjouwer Larissa Lokenberg wie by it pleatsen fan de kamera
Naturalis ûndersiket ek wêrom't der minder ynsekten binne. "Dat kan met lokale factoren te maken hebben, maar ook met globale, zoals klimaatverandering. Juist door deze standaard manier van monitoren in heel Nederland kunnen we dat steeds beter vergelijken. Je hebt data nodig over lange termijn. Minstens tien jaar heb je nodig om trends te waarnemen."
Ek op de stedswerf fan Dokkum is in ynsektekamera ynstallearre. Yn totaal wurde 15 kamera's pleatst op ferskate plakken yn Fryslân.