Fossylfrij Fryslân wol boeren opdiele yn kategoryen foar effektivere stikstofreduksje

Bouwe de Boer, Femke Wiersma en Danny van der Weijde © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
"Myn dream is dat der in Frysk plan komt foar de transysje nei in folle duorsumer maatskippij. As Fryslân moatte wy foarop rinne", sei Bouwe de Boer fan Fossylfrij Fryslân snein yn it diskusjeprogramma fan Buro de Vries.
Oan de diskusjetafel sieten fierder noch D66-steatelid Danny van der Weijde en BBB-politika Femke Wiersma. Neffens De Boer liket de CO2- en stikstofproblematyk safolle op elkoar dat dy twa dossiers wol keppele wurde kinne. "Gean dan mei saakkundigen om tafel en kom mei in plan om dizze problemen oan te pakken. Troch gebrûk te meitsjen fan ynnovative techniken en metoades kin der al in hiel soad dien wurde."

'Boeren opdiele yn kategoryen"

"En foar de boeren sjoch ik der wol wat yn om se yn kategoryen yn te dielen en dan per kategory besjen wat der it bêste dien wurde kin om dy stikstofreduksje te realisearjen", stelt De Boer.
Wiersma is hiel dúdlik as it giet om de stikstofproblematyk en de opjefte dy't de provinsjes no krigen ha fan it regear: "Dy doelstelling moat fan tafel. Allinne dan kin de dialooch wer op gong komme."
Wiersma doelt op de saneamde 'kritische depositiewaarde' dy't fêstlein is yn in wet. Mei de stikstofreduksje moat dy deposysjewearde helle wurde, sa ha de ministers Van der Wal en Staghouwer bepaald. Mar neffens Wiersma moat de doelstelling "in robúste natoer" wêze en moat it net fêstlein wurde yn hurde noarmen.

Relaasjeterapy

Danny van der Weijde is it net mei har iens. "Er moet een norm zijn. Anders komen we niet verder en gaat de rechter er weer voor liggen. Wat mij betreft blijft de doelstelling gehandhaafd en gaan we in gesprek over hoe we die doelstelling gaan halen."
Wiersma sjocht dêr gjin heil yn en makket in fergeliking mei relaasjeterapy: "Ast nei in relaasjeterapeut giest, dan seist ek net dat it doel om te skieden oerein bliuwt." Oer Johan Remkes as bemiddeler tusken de boeren en de polityk is Wiersma net entûsjast. Neffens har stiet hy net genôch boppe de partijen en is hy as foarsitter fan it advyskolleezje oer de stikstofproblematyk net ûnôfhinklik genôch.
Tagelyk erkende Wiersma dat it dreech is om ien te finen dy't sa boppe de matearje stiet dat er ûnôfhinklik is.