Silvester van der Water djoerste oankeap yn klupskiednis Cambuur

Silvester van der Water © Dijks Fotografie
SC Cambuur hat de djoerste oankeap út de klupskiednis binnen. De Ljouwerters presintearren Silvester van der Water freedtemiddei.
Van der Water tekenet foar trije jier, mei de opsje foar noch in jier. Cambuur docht gjin meidielings oer hoefolle oft de klup krekt foar de 25-jierrige bûtenspiler betellet. Wol stiet fêst dat hy de djoerste Cambuuroankeap ea is. It bedrach soe tusken de sân en acht ton lizze.
Silvester van der Water is de djoerste oankeap yn klupskiednis fan Cambuur
De âld-spiler fan Almere City en Heracles Almelo krige de lêste tiid yn Amearika net in soad spyltiid.
Van der Water docht freed noch net mei oan de earste oefenwedstriid tsjin it Dútske SV Meppen. Hy slút moandei oan by de groepstraining.
Cambuur wie mei klam op syk nei oanfallende fersterking, omdat Issa Kallon, Patrick Joosten, Nick Doodeman en Tamás Kiss de klup dizze simmer ferlitten hawwe. Earder al waard bekend dat oanfaller Remco Balk takom seizoen foar Cambuur spylje sil. Hy wurdt hierd fan FC Utrecht.