50 jier nei de wynhoas: "It sintrum fan de wynhoas kaam oer ús tinthúske hinne"

Jaap Rusticus © Famylje Rusticus
De wynhoas op It Amelân op 11 augustus 1972 is ien fan de swiersten dy't ús lân ea troffen hat. Yn fjouwer ferhalen sjocht Omrop Fryslân dizze wike werom op dat drama. Diel 3: ien fan de fjouwer deadlike slachtoffers, de 59-jierrige Jaap Rusticus fan Bûtenpost.
It wie eins tafal dat Jaap Rusticus op It Amelân wie. Meastentiids gie hy mei syn gesin nei Flylân, op fakânsje nei camping Stortemelk. Mar dizze kear dus op It Amelân, dêr koe ien fan de bern makliker mei de auto komme.
Skoansoan Abe Kuipers (no 81 jier) sit yn it tinthúske as it ynienen ôfgryslik misgiet. "It begûn samar, út it neat, hurd te waaien. De konteners rôlen oer it campingfjild hinne."
Abe Kuipers © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Jaap Rusticus is dan noch bûten en wurdt troch syn dochter Sytie nei binnen ta roppen. "Sytie wie benaud en rôp: heit, heit, kom gau binnen", fertelt Kuipers.
"De wyn begûn te bolderjen en ik fielde hoe't it tinthúske optild waard. Wy pakten de middelste peal yn it húske fêst, mar wy koenen it húske net tsjinhâlde. Ik tocht ik: dêr gean ik, dit wie it dan, ik gean dea."
FryslânDOK: Deadlike Wynhoas, 50 jier nei de ramp op It Amelân
Omrop Fryslân sjocht dizze wike wiidweidich werom op it dramatyske barren op 11 augustus 1972. Sneon 2 en snein 3 july is op Omrop Fryslân en op NPO 2 de dokumintêre Deadlike Wynhoas, 50 jier nei de ramp op It Amelân te sjen.
Op omropfryslan.nl en op de Omrop-app is fjouwer dagen op rige - fan woansdei 29 juny oant sneon 2 july - in artikel te finen mei belutsenen dy't weromsjogge op de ramp.
Oan de oare kant fan Duinoord ferbliuwt de oare dochter, Geertje Rusticus, mei har bern. Soan Sjoucke Rusticus is thús yn Bûtenpost. "Yn de rin fan de moarn krige ik yn de gaten dat der wat mis wie op It Amelân."
Hy moast letter nei it sikehûs yn Ljouwert ta om syn heit op te sykjen.
Abe Kuipers oer de wynhoas
De frou fan Jaap Rusticus lei mei ferwûningen oan de ribben yn sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. Prinses Beatrix soarge derfoar dat Jaap syn frou nei it sikehûs fan Ljouwert brocht waard om har man te sjen. Rusticus ferstoar oan syn ferwûningen yn it Bonifatius Hospitaal yn Ljouwert.
Jaap Rusticus wie in ferneamd keunstner. Hy wie ien fan de fiif Fryske ekspresjonistyske skilders fan de groep Yn 'e Line, mei Klaas Koopmans, Pier Feddema, Sjoerd Huizinga en Jan van der Bij.
Abe Kuipers mei syn frou en dochter Sytie, links Jaap Rusticus © Famylje Rusticus
Syn skoansoan Abe Kuipers hie in bysûndere bân mei Jaap. "It wie in bysûndere man, altyd dwaande: mei muzyk meitsjen, skilderjen, byldhouwen. Syn ferstjerren wie fertrietlik. Myn frou sei oer de dea fan har heit: ik mis de piper yn it sop."
Rusticus is dus ien fan de fjouwer minsken dy't omkomt by de ramp. Op 11 augustus fine ek Erik Parie (5) en Desiree ten Boom (18) de dea. Letter ferstjert noch de Dútske Walter Vonachten (22).
Om't alles de loft yn fleach by de wynhoas, waarden in soad saken net mear weromfûn. Lykas de blokfluit fan Rusticus.
"Wy hawwe noch wol in pear sketsen fan him werom fûn", fertelt Kuipers. "Mar ien fan syn moaiste sketsen dêr't wy gek op wienen, ha wy nea wer sjoen."