Tennisser Sander Arends yn fiif sets útskeakele op Wimbledon

Sander Arends (rjochts) yn aksje op Wimbledon © Omrop Fryslân
Tennisser Sander Arends hat de earste ronde fan Wimbledon net oerlibbe. Tegearre mei Quentin Halys út Frankryk gie hy yn in spannende wedstriid mei 5-7 6-7 7-5 6-1 en 4-6 ûnderút tsjin Radu Albot út Moldavië en Nikoloz Basilashvili út Georgië.
De 30-jierrige Ljouwerter dûbeldspesjalist en syn Frânske maat kamen 4-1 foar yn de earste set. Dochs kamen se noch yn de problemen, want nei twa breaks de oare kant op gie de set nei harren tsjinstanners.
Yn de twadde set wiene der op 'e nij breaks foar beide koppels. Uteinlik moast in tiebreak de beslissing bringe. Spitigernôch slaggen Arends en Halys der dêrnei net yn om dy te winnen, ta frustraasje fan Arends sels.

Arends en Halys werom yn it duel

By 4-5 yn de tredde set krigen Albot en Basilashvili twa matchpoints op de opslach fan Arends. De Ljouwerter wurke dy fuort mei in pear goede punten, en drukte in game letter troch op 'e opslach fan Albot. Arends soarge dêrnei mei in goede smash foar in setpoint, dat binnenhelle waard troch syn Frânske maat.
De setwinst soarge foar in goed gefoel by Arends en Halys, dy't de fjirde set samar binnen hiene. In fiifde set moast de beslissing bringe. Dêryn wie ien break genôch foar Albot en Basilashvili.

Fiifde dielname

Foar Arends wie it syn fiifde dielname oan it Ingelske grandslamtoernoai. Yn 2018 en 2021 helle er de twadde ronde, yn 2017 en 2019 waard er yn de earste ronde útskeakele. Yn 2020 gong it toernoai net troch.

Opskood as reserve

Arends en Halys hienen har net streekrjocht pleatst foar Wimbledon. Se wienen yn earste ynstânsje de fiifde reserve. Foar it toernoai wienen se al opskood nei it plak fan twadde reserve.
Omdat Alexander Bublik en Jirí Veselý har tongersdeitemoarn ek ôfmeld, skoden Arends en Halys troch nei it haadtoernoai.