D66-riedslid Johan Magré fernimt ferhurding: "It wurk wurdt der net leuker op"

In earder boereprotest (argyf) © ANPFoto
D66'er Johan Magré twivelet mear en mear oer syn takomst as riedslid yn de gemeente Ljouwert. Oanlieding is de hieltyd bottere ferhurding dy't er yn de maatskippij sjocht.
De boereprotesten en de ferhurding fan de ôfrûne jierren hawwe in grutte ympakt op Magré syn wurk as riedslid. Op Twitter skreau er tiisdeitejûn dat er net in soad nocht hie om nei de riedsgearkomste te gean.
"It wie wat let yn de jûn, en dan binne de emoasjes wat grutter fansels", seit Magré. "Doe seach ik it filmke by minister Van der Wal. Dat wie de druppel. Ik tocht ik moat der wat oer sizze. It wurk wurdt net leuker op."
Magré hat sels somtiden ek mei bedrigingen te krijen. "Ik wie kampanjelieder yn de kampanje foar de gemeenteriedsferkiezingen. Op in pear plakken wie it gjin geweld, mar it skeelde net in soad. Do fielst dy yntimidearre troch guon reaksjes. Ek op Twitter dêr't elkenien sizze kin wat er wol, binne wy bedrige."
Johan Magré © D66 Leeuwarden
Dat alles makket dat Magré him wolris ôffreget oft er noch wol riedslid bliuwe wol. "It binne gedachtes, mar der binne gelokkich ek fjouwertûzen minsken yn Ljouwert dy't op ús stimd hawwe. Dus dan fielst in plicht. Ek om it petear oan te gean mei minsken dy't it net mei dy iens binne."

Polarisaasje

"De polarisaasjes nimt ta, de ferhurding nimt ta. Ast it net iens bist mei folksfertsjintwurdigers, lit dat dan witte yn it stimhokje", sei Magré. "Demonstrearje op in fredige wize, mar yntimidearje net."
Magré fertelt dat er sels in soad ferbaal geweld oer him hinne krijt. "It is gewoan net leuk mear. Dat ik in NSB'er bin, in ferrieder fan Fryslân, gjin echte Fries. Moatst by dy delgean litte, mar it is somtiden hiel dreech om dat te dwaan."
Femke Wiersma © Femke Wiersma
De Fryske ôfdielingslieder fan de Boer Burger Beweging, Femke Wiersma, hat mei ôfgriis sjoen nei de ferhurding fan de demonstraasjes fan tiisdei. "Wat dêr bard is, kin absolút net. Dat feroardiele wy seker. It is ûnakseptabel. Ik haw der in knoop yn de mage oan oerhâlden."
De eangst is benammen dat troch dizze ferhurding de boeren de sympaty ferlieze fan de rest fan de befolking. "Wy hawwe ek al earder sein: tink derom, bliuw publyksfreonlik. Fal de boarger net lestich. Dat wolle wy net."

Earst prate

It is no earst tiid dat der praat wurdt, fynt Wiersma. "Der is op it stuit in soad wantrouwen tsjin de oerheid. Sjoch nei de gaswinning yn Grinslân en nei de taslagge-affêre. It fertrouwen is hiel leech, en dat is net allinnich sa by boeren."
De ferhurding fan de aksjes docht de diskusje gjin goed, fynt Wiersma. "Boeren wurde fuortset as radikaal. Dan bist gjin serieuze gesprekspartner mear."
De Twadde Keamer debatearret tongersdei oer de boereprotesten. In goed plan, sa seit Wiersma: "Ja, hjir moat in goed debat oer fierd wurde. Oer dat wantrouwen dat der is yn de oerheid. En dy moat it sjen litte. Dat de oerheid docht wat er seit en goed harket."