Boeren protestearje wer by provinsjehûs yn Ljouwert tsjin stikstofplannen

Wer boereprotest yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Sa'n twahûndert boeren binne woansdei by it provinsjehûs yn Ljouwert om te protestearjen tsjin de stikstofplannen fan it kabinet.
Yn it provinsjehûs waard yn in spesjale seal romte makke foar de boeren om te praten mei steateleden. De parse mocht dêr net by wêze.
Boeren protestearje wer tsjin stikstofplannen
De boeren wolle dat de lanlike stikstoftregels fan tafel gean. De provinsje hâldt fêst oan in provinsjale ynfolling fan fermindering fan de stikstofútstjit. De boeren wienen dêr sa lilk en teloarsteld oer dat se beammen foar de yngong fan it provinsjehûs skoden.
Boeren foar it provinsjehûs © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Dêrnei binne de boeren fuortgien. It provinsjehûs is yntusken hermetysk ôfsletten. De plysje bewekket it gebou ûnder oaren mei drones.
Neffens ferslachjouwer Onno Falkena hie de aksje net folle langer duorje kind. De plysje oerwage om de ME yn te setten.
Boeren protestearje by it provinsjehûs