De toan fan Froukje Sijtsma: "Apels foar sitroenen"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Trije stiks foar fiif euro. It klinkt as muzyk yn de earen. Ik stean by de fruitôfdieling, fuort by de yngong fan de supermerk.
As ik myn brochje mei yochert moarn noch wat opkreazje wol, dan kin ik mei dizze aksje mar omraak kieze en mjukse.
By it houten kreamke lizze toarnbeien, nektarines en druven. En apels, pûden fol. Gewoanwei nim ik fan alles wat mei, mar diskear pak ik in doaske kiwys en twa pûden apels. It fruit smakket grif ekstra lekker troch al dy koarting.
De toan fan Froukje Sijtsma
Wy Nederlanners binne sljocht op aksjes. Koarting sit ús yn it DNA. As we earne de kâns sjogge om in euro te besparjen, dan binne we der as de piken by. Dochs haw ik de lêste tiid wol fraachtekens by de aksjes en koartings yn de supermerken.
No kom ik der yn it generaal net in soad, want ik haw in hekel oan boadskipjen en dêrom lit ik my it proviand ienris yn de wike besoargje. Oant in healjier lyn lette ik der net echt op wat ik útjoech oan boadskippen, mar troch de oprinnende prizen bin ik der wol folle alerter op wurden.
Op oanrieden fan in buorfrou rin ik tsjintwurdich ek myn kassabon goed nei. Wat my dêrby allegear opfalt, fertel ik noch wolris, diskear behein ik my efkes ta de oanbiedings. Sa blykte dy fantastyske aksje yn de supermerk fan 'e wike dochs in stikje minder fraai.
As ik mei myn boadskippen by de kassa weirin, nim ik noch efkes hastich de bon troch. De koarting fan de aksje 'trije foar fiif euro' kin ik op it papierke net weromfine. Foar de wissichheid rin ik dêrom werom nei de yngong fan de winkel om te sjen oft ik it miskien ferkeard sjoen haw.
It wurdt my fuort dúdlik wêrom't de aksje net ferwurke is by de kassa. De twa kreamkes hearre nammentlik net by elkoar. It linkerkreamke is de aksje fan 'Trije foar fiif'. Dêrby wurdt allinnich net dúdlik hokker fruitsoarten by dy aksje hearre. It rjochter kreamke dat der fuort tsjinoan sit, is de aksje foar de apels.
De 3,19 euro foar in pûde apels stiet allinnich net op eachhichte oanjûn. Mar om jittikmigers lykas my fan replyk te tsjinjen, stiet it bedrach wol mei grutte sifers fermeld op knibbelhichte. Goed te sjen as je der op ôfstân op lette, mar net ast der foar stiest.
Lêst wie ik yn in oare supermerk. 'Koarting' stie mei in sticker op in bakje gehak. Mar hoefolle waard my net dúdlik. Gewoanwei is dat 35 prosint, mar it selsscanapparaat yn it midden fan de winkel joech op de nije streepkeskoade deselde priis oan. "Ik weet het ook niet. Kortingsstickers kunnen tussen de 25 en 75 procent zijn", fertelt de winkeljonge my.
Ik lûk myn wynbrauwen op en sis: "Okee, mar moat ik dan ûnderhannelje oer hokker priis ik betelje sil? Of kinsto my útlizze hoe't jim koartingssysteem opboud is?" Wat in ferfelende klant, sil dizze tiener wol tocht hawwe. "Ja, dat hangt ervan af. U kunt het bij de kassa navragen en anders legt u het toch gewoon terug?" In antwurd dêr't ik neat mei kin en dus lis ik de brut werom. Dan mar gjin fleis mei koarting.
En dan mar gjin royaal kleurepalet oan fruit. Ik bring de apels en kiwys werom by de klanteservice en fertel de frou op freonlike toan dat ik de aksje wol wat misliedend fyn. Se giet der net op yn en jout my it jild werom.
Moraal fan dit ferhaal? Lês de lytse letterkes by fenomenale aksjes, of just de grutte sifers op minder logyske plakken. En tsjek dyn kassabon. Want al rint it wetter dy miskien yn de mûle troch al dy hearlike oanbiedings, it soe noch wolris in ferfelende neismaak krije kinne ast derachter komst dat de winkelman dy apels foar sitroenen ferkocht hat."