Ambisjeuze plannen Holwert oan See moatte bysteld wurde

In loftfoto fan de lokaasje foar Holwert oan See © Provinsje Fryslân
De ambisjeuze plannen foar Holwert oan See moatte bysteld wurde. It projekt wurdt oars fierstente djoer en is dan net te realisearjen.
Sa is der yn de plannen bygelyks gjin romte mear foar in slûs yn 'e seedyk, dêr't boatsjes fan de Waadsee nei Holwert trochhinne farre kinne.

Stjoergroep wol fierder

De stjoergroep Holwert oan See, mei dêryn alle belutsen partijen, wol lykwols noch altyd fierder mei Holwert oan See. De stjoergroep bestriidt ek dat it projekt folle mear jild kostet, as dat it op 'e lange termyn opsmite sil. In negatyf rapport fan ôfrûne jannewaris, oer de hege kosten en ôffallende baten fan it projekt, soe yntusken alwer achterhelle wêze.
Ambisjeuze plannen Holwert oan See moatte bysteld wurde
"Yn dat rapport fan jannewaris binne de opbringsten fan slyk en klaai net meinaam", neffens Marco Verbeek fan de stichting Holwert oan See. "Der binne nei dy tiid ek optimalisaasjes oan de ekonomyske kant útfierd, lykas it oantal bêden foar toerisme. En der is sjoen nei de kosten. Dat alles makket dat de kosten en baten op dit stuit wer yn balâns binne."
Marco Verbeek fan de stichting Holwert oan See
Neffens deputearre Klaas Fokkinga, foarsitter fan de stjoergroep, moatte der de kommende tiid noch wol in soad fragen beäntwurde wurde. "Dat giet bygelyks oer it behear en ûnderhâld. Wa docht dat aansten as it projekt klear is? Mar der binne ek noch fragen oer de fergunningen en ek oer de finânsjes."
Deputearre Klaas Fokkinga
Ein novimber dit jier wol de stjoergroep Holwert oan See ta in foarnommen beslút komme. Dan soe ek dúdlik wêze moatte hoe't Holwert oan See der krekt út komt te sjen, en oft dy fariant ek echt helber is.

"Oare ynstek"

It projekt Holwert oan See liket yn elts gefal lytsskaliger te wurden. "De kâns is grut dat it in oare ynstek krijt as oarspronklik bedoeld is", seit Fokkinga.