"Provinsje hat trije jier lang ompankoeke mei stikstofdossier, mei gaos as gefolch"

Hans van der Werf, Friese Milieu Federatie © Omrop Fryslân, René Koster
De provinsje moat no echt yn aksje komme yn it stikstofdossier. Trije jier lang is der praat, mar net folle dien. Dat moat no oars, seit direkteur Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie (FMF).
De miljeufederaasje is in oerkoepeljende organisaasje fan natuerorganisaasjes.
Van der Werf fynt it ferskriklik dat it no sa eskalearret yn de diskusje. Der moat sa gau as mooglik wer praat wurde mei boeren en natuerorganisaasjes. Dat moat de provinsje hiel rap op tou sette, fynt Van der Werf.
Friese Milieu Federatie wol aksje fan provinsje
Se ha neffens him de ôfrûne trije jier te min dien, en no is it in gaos. "We ha in jier de tiid om mei plannen te kommen, dat wurdt hieltyd koarter."
Neffens de FMF-direkteur binne in hiel soad boeren al goed dwaande en is der genôch beweging om de goeie kant op te gean.
Natuerorganisaasjes en boeren sieten dêryn al om 'e tafel, mar op dit stuit hat dat wol lêst fan hoe't it no giet. Boeren sizze no: we wachtsje wol ôf hoe't it komt.
In petear mei trekkers op 'e dyk helpt net.
Hans van der Werf (direkteur Friese Milieu Federatie)
"We moatte de regy werom krije en yn petear komme. In petear mei trekkers op 'e dyk helpt net."

Natuerlik ferrin

Neffens Van der Werf is der gjin sprake fan dat boeren ûnteigene wurde moatte. It kin neffens him stap foar stap, omdat der ek genôch boeren ophâlde. Natuerlik ferrin dus.
De provinsje moat neffens him no hiel gau de regy pakke, konkrete plannen meitsje mei de boeren en yn de útfiering faasje meitsje.
"Der is trije jier ompankoeke. It is nedich dat der liederskip toand wurdt yn it bestjoer en koers bepaald wurdt. Want op dit stuit is it in gaos."