Provinsje wol gjin nije farwei nei Drachten, gemeente Smellingerlân ferbjustere

In binnenfeartskip © Shutterstock.com
Der komt gjin bredere en djippere farwei foar de beropsfeart nei Drachten oer Grou en De Feanhoop. Dat hat de provinsje meld oan de gemeente Smellingerlân.
Yn Drachten hawwe in oantal bedriuwen yn De Haven oanjûn dat se graach de mooglikheid ha wolle om gruttere frachtskippen oanmarre te litten. De nije farrûte soe fan it Prinses Margrietkanaal ôf lâns feangreidegebiet de Hege Warren by Aldegea (Smellingerlân) gean.

Stekker derút

Wethâlder Maria le Roy fan de gemeente is ferbjustere oer it beslút fan de provinsje. "Wij waren al een heel eind in het proces. We waren al afwegingen aan het maken of het project te combineren is met natuur en recreatie. Tot onze grote schrik is daar nu door de provincie de stekker uit getrokken."
De farwei foar beropsfeart bliuwt dy troch De Alde Feanen by Earnewâld. Dêr is lang net eltsenien wiis mei. "We zullen moeten kijken hoe mensen dat beleven", seit Le Roy. "Soms vinden recreanten havenontwikkeling ook heel erg mooi. Wij hopen dat dit in de toekomst ook voor Drachten zal gelden."

Ekonomyske motor

"Neemt niet weg dat wij bijzonder teleurgesteld en ontdaan zijn", giet Le Roy fierder. "We hopen in de toekomst opnieuw naar de tekentafel te gaan en met elkaar in overleg te blijven voor de bereikbaarheid van Drachten, want het kan niet zo zijn dat deze economische motor in de steek wordt gelaten."
Yntze de Vries mei it krityske farweirapport fan de ELP © Omrop Fryslân
Fraksjefoarsitter Yntze de Vries fan de ELP yn de ried fan Smellingerlân hat in oare miening as wethâlder Le Roy. Hy neamt it beslút fan de provinsje 'hiel ferstannich'. "Op basis fan de ekonomyske aktiviteiten yn de haven is it neffens my net ferantwurde om sa'n 100 miljoen te ynvestearjen yn in nije farwei. Us haven kin prima funksjonearje mei frachtskippen fan klasse 4."
De ELP publisearre yn febrewaris dit jier al in kritysk rapport oer it plan foar de nije farwei nei Drachten mei as titel 'Varen is vooruitzien, op zoek naar het eerlijke verhaal.'
Provinsje wol gjin nije farwei nei Drachten
"Bedriuwen dy't oanfier oer it wetter nedich hawwe mei de aldergrutste frachtskippen kinne better in plakje oan it Prinses Margrietkanaal sykje, dan hoege je net foar 100 miljoen in nij kanaal nei Drachten te graven", sa seit De Vries. Hy is fan betinken dat de gemeente Smellingerlân de eigen bydrage oan de nije farwei better op in oare wize ynvestearje kin.

'Better foar de natuer'

Hy tinkt ek dat it beslút om gjin nije farwei oan te lizzen lâns De Feanhoop better is foar de natuerûntwikkeling fan De Hege Warren. "Dy nije farwei soe mooglik de blaugerslannen yn De Hege Warren oantaaste. Dy kinne je no moai bewarje, dus it is ek noch better foar de natuer."
Provinsjale Steaten moatte noch in beslút nimme oer it foarnimmen om de stekker út de nije farrûte te lûken. No't der foarearst gjin nije farrûte komt tidiget Smellingerlân der op dat de besteande farrûte hanthavene wurdt op op syn minst itselde nivo.
Wethâlder Maria le Roy oer it skrassen fan de nije farwei nei Drachten