Riemer van der Velde: "Ik ha in soad fertrouwen yn Kees van Wonderen"

De SportCast mei Riemer van der Velde © Omrop Fryslân
Hearrenfean-earefoarsitter Riemer van der Velde hat in soad fertrouwen yn Kees van Wonderen. Sneon stie de nije trainer foar it earst op it trainingsfjild by de Feansters.
Yn de SportCast fan Omrop Fryslân fertelt Van der Velde oer syn earste ûnderfinings mei Van Wonderen. Jierren lyn kaam Van der Velde him tsjin by in wedstriid fan de beloften fan Hearrenfean tsjin dy fan Go Ahead Eagles.
"Doe wie ik ûnder de yndruk fan syn prestearjen. Dat wie noch yn de earste divyzje", seit Van der Velde. "Hy hat de ferwachting dat der hjir mear mooglik is as by Go Ahead. Dat is ôfwachtsjen oft dat de realiteit is."

Fertrouwen

Wêrop is it fertrouwen fan Van der Velde yn Van Wonderen basearre? "Dat is in gefoelsmjittige saak. Hy wie in treflike fuotballer en hy hat as trainer willens en wetens karren makke om in bepaalde wei yn te gean. Op alle nivo's hat hy toand sinfol oer fuotbaljen te praten", seit de man dy't tusken 1983 en 2006 foarsitter wie yn it Abe Lenstra Stadion.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Oer hokker seleksje Van Wonderen kommend seizoen de lieding hat, is noch net wis. Der sille noch meardere spilers helle wurde moatte. Dêr't Cambuur mei sûkeromke Bert van den Brink ien hat dy't wol ris in ton bylizze wol, hat Hearrenfean dat net.
Al tinkt Van der Velde dêr oars oer. "Ik wit dat der persoanen binne dy't ree binne en wol meibetelje wolle, as der ris in spiler komt."

Patrick Pflücke

In spiler dy't de 81-jierrige ynwenner fan Langwar graach sjoen hie by syn klup, is Patrick Pflücke. De Roda JC-spiler wie ôfrûne winter te keap foar in pear ton.
Dêr hawwe ek eksterne finansiers foar west om him foar Hearrenfean oer te nimmen, mar de klup hat dat ôfwiisd. "It kin wêze dat se him gjin taheakke wearde fûnen. It kin ek wêze dat se tochten: hy is yn july transferfrij en dan helje we him fergees op."
Dat is lykwols in ferkearde gedachte neffens Van der Velde. "Dêr fersinne je je meastentiids yn. Yn dy tiid wie er te keap foar twa oant trije ton. As je him doe ophelle hiene, hie dat mei in goedkeaper salaris kinnen. Dan hiene je better doe trije ton ynvestearje kinnen. Dan hiene je him foar fjouwer jier fêstlizze kinnen."
De SportCast mei Riemer van der Velde