Assaidi net tsjin NAC

25 nov 2011 - 12:05

Oussama Assaidi sil sneontejûn net meidwaan tsjin NAC Breda. De Hearrenfeanoanfaller hat tefolle hinder fan in rêchblessuere. Assaidi trainde freedtemoarn foar it earst wer mei de groep en liet nei ôfrin trainer Ron jans witte dat it net ferstannich is om te spyljen. Syn ljisk en skouder spylje him parten.

Rajiv van La Parra is yn Breda de ferfanger fan Assaidi. Nei fiif ynfalbeurten makket de rjochter oanfaller syn basisdebút foar SC Hearrenfean. Van La Parra kaam oan de begjin fan dit seizoen oer fan it Frânske Caen.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)