Ljouwert kriget goed 13 miljoen foar fersnelde bou fan 1.550 wenningen

© ANP
De gemeente Ljouwert kriget 13.300.000 euro fan it Ryk om yn de kommende fiif jier 1.550 wenningen mei te bouwen. Dy moatte komme yn de wyk Zuidlanden en de wyk Middelsee.
De miljoenen komme út in pot fan 1,2 miljard euro om de bou fan nije wenningen te ferhastigjen. Ek de gemeente Harns kriget jild út dizze pot. It giet dan om 1,6 miljoen euro foar 220 wenningen yn de wyk Spaansen.

Binnen fiif jier

Neffens wethâlder Hein de Haan fan Ljouwert kinne de 1.550 ekstra wenten der binnen fiif jier stean. "It ôfrûne jier ha wy yn de hiele gemeente 900 wenningen oplevere, dus dat doel is seker realistysk", seit de wethâlder.

De Haan snapt dat Den Haag de wenningbou ferhastigje wol. "Dat wolle wy ek. Wy binne bliid dat it jild no tasein is. In oare wize om dat te dwaan, is dat wy bygelyks ien bestimmingsplan meitsje foar 2000 wenningen, yn stee fan tsien lytsere plannen."

Sosjale hier

By de nij te bouwen wenten is ek romte foar sosjale hier, seit De Haan. "Middelsee kinst sjen as in nije stêd. Dêr komt romte foar alle segminten. Dêr is dus ek romte foar sosjale hier, en ek foar bygelyks statushâlders."