Seis moanne ûnder betingst foar Amelanner (45) dy't holp by selsdeading

Rjochter © Shutterstock.com
In 45-jierrige man fan It Amelân hat in selstraf krigen fan seis moanne ûnder betingst foar it helpen by de selsdeading fan in 33-jierrige frou út Middelstum. It Iepenbier Ministearje hie tolve moannen sel, wêrfan njoggen ûnder betingst, easke.
Neffens de rjochtbank hat de man de frou guod jûn dêr't se harsels mei ombringe koe. It soe gean om in gasflesse mei stikstof, in luchtslang en in plestik pûde. Help by selsdeading is strafber, en mei allinnich jûn wurde troch in dokter, ûnder de regels fan de eutanasywet.

Psychyske klachten

De fertochte en de frou kamen fia in datingapp yn de kunde en praten mei-inoar oer har psychyske klachten. Nei de dea fan de frou soe de man tsjin har mem sein ha dat hy it guod jûn hie. Yn de rjochtbank ûntkende hy dat, mar syn advokaat sei wol dat 'er sprake was van een gerechtvaardige noodtoestand'.
De rjochter gie dêr net yn mei, en seit dat de man "te snel en te makkelijk is meegegaan in de doodswens van de vrouw. De verdachte heeft met zijn handelen de grens voor de vrouw om een einde aan haar leven te maken, verlaagd. De verdachte heeft daarnaast meerdere keren niet of in strijd met de waarheid verklaard. Dit getuigt van een berekenende houding", sa seit de rjochter.
De man krige in legere straf as easke wie troch it IM. Dat komt neffens de rjochtbank om't de man 'de overtuiging had dat hij in morele zin juist heeft gehandeld'. Troch it guod beskikber te stellen 'heeft hij willen voorkomen dat de vrouw op een andere, mogelijk schadelijkere wijze een einde zou maken aan haar leven'.
Hasto gedachten oer selsmoard? Belje nei 113 of chat online op 113.nl.