Mjittingen nei de sâltwinning: it beweecht ûnder Harns

Bewenners op de ynformaasjejûn © Omrop Fryslân
Wat bart der as je neist Harns sâlt boarje? Om skea troch sâltwinning in stap foar te wêzen hat 'Pilot Harlingen' ferline jier yn Harns ûndergrûnske mjittingen dien, en dy litte sjen dat it beweecht ûnder de stêd.
Yn de djippe ûndergrûn, op meanfjildnivo en yn kelders fan histoaryske pannen binne gegevens opslein fan wat der ûnder de grûn fan Harns bart.
Jarig Langhout, foarsitter fan Pilot Harlingen hopet dat de gegevens bydrage oan in nulmjitting. Pilot Harlingen is in gearwurking tusken de gemeente, de provinsje, it wetterskip, Stichting Bescherming Historisch Harlingen en Frisia Zout.
Neffens Langhout feroarsaket de sâltwinning troch Frisia Sâlt boaiemdelgong, dy't ek Harns reitsje sil. "Om skea oan ús pannen foar te kommen hâlde we de boaiem op fiif plakken yn de gaten: by de slûzen, de Zoutsloot, de Rommelhaven, de William Boothstrjitte en de Fabryksstrjitte. De gegevens fan de mjittingen hearre by ús nulmjitting. Wy wolle it wisse foar it ûnwisse nimme en dêrom de boaiem yn de gaten hâlde." En wat docht bliken? De boaiem fan 'e stêd trillet, kantelet, sakket en stiicht.

Presintearre oan ynwenners

Woansdeitejûn binne de resultaten fan de earste mjittingen presintearre oan bewenners fan Harns. Ek binne de bewenners ynljochte oer it belang fan nulmjittingen en de stân fan saken. Sa'n 150 besoarge bewenners besochten de ynformaasjegearkomste. "Doe't wy hjir fyftjin jier lyn kamen te wenjen hiene wy ien skuor yn de muorre. No sân. Ik wol dochs wol witte hoe't dat komt."
Oare ynwenners wurde senuweftich fan de sâltboarring: "Wy wenje yn in hûs út 1600. Dy kin swiere bewegingen net oan en wy wolle hjir net wei."
Jarig Langhout fynt it wichtich minsken te ynformearjen oer alles wat der bart fan út Pilot Harlingen. "We moatte kommunisearjen bliuwen, in nulmjitting kreëarje en dan fierdere ôfspraken meitsje, mocht der skea komme. As bliken docht dat Commissie Mijnbouwschade net helpe wol mei in previntyf plan, dan sykje wy wol in oare wei. We moatte ús stêd beskermje."