Marrit Steenbergen grypt njonken finale 100 meter frije slach
Marrit Steenbergen hat de finale fan de 100 meter frije slach op it WK swimmen yn Boedapest misrûn.
Yn har heale finale einige se yn totaal as alfde, wylst allinnich de earste acht harren pleatse foar de finale. Steenbergen swom in tiid fan 54,11. Dat wie krekt wat flugger as yn har heat (54,13).