WK-brûns foar Steenbergen op mingde estafette wikselslach

Marrit Steenbergen nei in eardere race © Orange Pictures
Marrit Steenbergen hat mei Nederlân op it WK swimmen in brûnzen medalje pakt op de mingde estafette wikselslach. Yn it Hongaarske Boedapest swom de swimster fan Easterwâlde as ôfmakker hiel fluch.
Nederlân hie him as twadde pleatst foar de finale. Guon teams kamen lykwols mei fjouwer nije swimmers oan de start yn de finale.
By de mingde estafette wikselslach steane foar elk lân twa manlju en twa froulju oan de start. Se swimme omstebeurt 100 meter. Allegearre yn in oare slach. De lannen meie sels witte hoe't se de ûnderdielen ferdiele.
Steenbergen wie tiisdeitejûn de ôfmakker foar Nederlân, dat fierder mei Kira Toussaint, Arno Kamminga en Nyls Korstanje oan de start stie. Yn de frije slach swom se Nederlân nei in efterstân noch nei it tredde plak. It ferskil mei nûmer twa Australië wie mar twa tsienden.
Mei in splittiid fan 52,55 wie se bygelyks flugger as Marleen Veldhuis yn de gouden estafetterace op de Olympyske Spelen fan 2008. It goud yn Boedapest gie nei de Feriene Steaten.
It is de tredde WK-medalje yn har karriêre foar Steenbergen. Op it WK fan 2015 wûn se op twa estafette-ûnderdielen it sulver.
Letter dit WK komt Steenbergen noch yn aksje op de 100 meter frije slach en twa oare estafette-ûnderdielen.