Fiif dingen dy'tst witte moatst oer it oankundige boereprotest

In earder boereprotest (argyf) © ANP Foto
Boeren yn hiel it lân hawwe foar woansdei protestaksjes oankundige tsjin de nije stikstofmaatregels fan it kabinet.
Ek guon Fryske boeren hawwe oanjûn dêroan mei te dwaan. Mar wat kinne we presys ferwachtsje?

Wêrom protestearje de boeren?

It kabinet hat earder dizze moanne bekend makke dat de stikstofútstjit yn Nederlân drastysk werombrocht wurde moat. In grut part fan dy útstjit wurdt taskreaun oan de lânbou.
Yn in grut part fan Fryslân moat de útstjit fan stikstof mei 47 oant 95 persint redusearre wurde. In grut part fan de boeren soe dêrom harren bedriuwsfiering omsmite moatte, of sels hielendal ophâlde moatte.

Wat wolle de aksjefierders berikke?

De aksjefierders hoopje dat minister Christianne van der Wal har stikstofplan ynlûkt, of op syn minst oanpast. Dêrneist hoopje se dat de provinsjes, dy't it kabinetsplan úteinlik útfiere moatte, net meigean sille yn it plan en harren eigen paad kieze.
Minister Christianne van der Wal op de stikstofparsekonferinsje © ANP Foto
De Provinsje Fryslân joech earder al oan dat se harren eigen stikstofplan útfiere sille. Dit plan wie der al foar de oankundiging fan de stikstofmaatregels fan it kabinet.
De fraach is oft de minister dit akseptearret. De provinsje moat foar 1 july takom jier in plan yntsjinje om de stikstofútstjit werom te bringen.

Wêr wurdt demonstrearre?

De grutte lanlike aksje hat as eindoel Stroe, in doarp yn Gelderlân op de grins fan de Veluwe en de Gelderske Vallei. Aksjegroep Farmers Defence Force hat boeren frege om dêr mei trekkers nei ta te kommen. Ek Agractie en LTO Nederlân binne belutsen by de aksje.
Yn Fryslân sil yn elk gefal in demonstraasje wêze op de sneldyk A7. Tusken Drachten en It Hearrenfean wolle de boeren mei harren trekkers stadich ride. De sneldyk rint troch Natura 2000-gebiet Van Oordt's Mersken hinne.
De aksjefierders fine it nuver dat dy dyk wol mei, wylst de boeren yn it gebiet útstjit redusearje moatte. "De A7 is de ôfrûne tritich jier miskien wol fertrijedûbele. Dy A7 moatte wy ek mar efkes in bytsje redusearje", seit boer Warner van der Leeuw fan Nij Beets dêroer.
Ek op ferskate oare plakken yn de provinsje wurde boeren mei trekkers ferwachte, mar wêr presys is noch net bekend.

Hoe sil de plysje optrede tsjin de boeren?

De plysje Noard-Nederlân trunet der by aksjefierders op oan om de ferkearsfeilichheid net yn gefaar te bringen. Eventuele ferkearsoertrêdingen by de protesten fan woansdei sille gefolgen hawwe. It is offisjeel ferbean om mei in trekker op snel- en autodiken te riden.
De plysje jout oan yn petear te wêzen mei fertsjintwurdigers fan aksjefierders dy't woansdei de boer op wolle. Blokkades op diken binne ferbean. Stadich ridende auto's en trekkers op sneldiken wurde ek net akseptearre.
Plysje by in boereproteste ferline wike yn Ljouwert © ANP Foto
Hoe't en wannear't hanthavene wurdt, wol de plysje net sizze. Neffens in wurdfierder is it wichtichste dat in plysje syn wurk feilich dwaan kin en dat de ferkearsfeilichheid yn gjin gefal yn gefaar komt.

Hoe grut sil de ferkearsoerlêst wêze?

Ferkearsdielnimmers yn it hiele lân moatte woansdei rekken hâlde mei in tige swiere moarns - en jûnsspits, warskôget Rykswettersteat. Ek bûten dy spitstiden kin it ekstra drok wêze op de sneldyk. Wa't thús wurkje kin, docht der ferstannich oan dit ek te dwaan, seit Rykswettersteat. Ek de ANWB warskôget foar flinke ferkearshinder.
Rykswettersteat set ekstra dykynspekteurs en ferkearslieders yn. Sawol op de dyk as út de ferkearssintrale wei is dan yn te spyljen op ûntwikkelingen op de sneldiken.