Gemeente Súdwest-Fryslân stipet boeren nei 'emosjoneel petear'

© Omrop Fryslân, Onno Falkena
It kolleezje fan de gemeente Súdwest-Fryslân wol sels mei boeren en natuerorganisaasjes útfine hoe't de stikstofproblematyk oanpakt wurde moat.
De lilke boeren hiene ôfrûne freed in gearkomste mei wethâlders Henk de Boer en Bauke Dam. Dêr makken de boeren yn in 'emosjoneel petear' dúdlik dat se it boadskip fan it kabinet en de wize fan kommunisearjen ûnbegryplik fine. Neffens de gemeente wiene de boeren "zichtbaar aangedaan en van slag".

In kâns jaan

Wethâlder De Boer seit yn in reaksje dat de gemeente mei boeren en natuerorganisaasjes om 'e tafel wol en yn petear bliuwe wol. Ek stipet it kolleezje de brief fan de Provinsje Fryslân oan it kabinet, wêryn't de provinsje seit dat se ûnoangenaam ferrast binne troch de plannen fan it kabinet.
"Wy sille yn Den Haag noch better it ferhaal fan ús boeren en ús buorkjen fertelle moatte", seit wethâlder De Boer. "De boeren moatte de ferantwurdlikheid hawwe om de omslach te meitsjen en wy kinne harren deryn begeliede. Wy moatte de boeren de kâns jaan!"

'Net samar barre litte'

Wethâlder Dam slút him dêrby oan: "Súdwest-Fryslân is kwa oerflakte de grutste gemeente fan Nederlân mei it grutste bûtengebiet. Dit hiele fitale bûtengebiet is ûnderdiel fan ús DNA. Dat wurdt hjirtroch rekke en dat kinne we net samar barre litte."