Noch gjin evenemintefergunning foar Eilân, gemeente sjocht feilichheidsrisiko's

It Dúnmarke fan Hee © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De gemeente Skylge hat noch gjin evenemintefergunning ôfjûn foar festival Eilân. Neffens de gemeente binne der noch te folle feilichheidsrisiko's.
De gemeente wol dat de organisaasje derfoar soarget dat de reguliere sûnenssoarch net ûnder druk komt te stean. Boppedat sjocht de gemeente risiko's by de ynset fan de 'greener battery', in elektrysk aggregaat dat de organisaasje brûke wol foar de enerzjyfoarsjenning.

Wol oare fergunnings

De organisaasje krijt twa wiken de tiid om harren plannen oan te foljen. Op basis dêrfan sil de gemeente op 'e nij besjen oft it festival trochgean kin. Earder waard al wol in natoer- en omjouwingsfergunning ferliend.
Eilân soe yn septimber dit jier foar it earst plakha. It wie de bedoeling dat dit al yn 2019 barre soe, mar de fergunning waard doe ynlutsen troch de rjochter. It probleem wie dat it festival plakhawwe moast njonken in stiltegebiet mei beskerme bistesoarten.