Friezen helje in soad mbo-diploma's, lanlik hieltyd minder

ROC Friese Poort yn Drachten © Omrop Fryslân, Darshan Boerema
Lanlik sjoen hellet de jongerein hieltyd minder faak in diploma op mbo-nivo, mar yn Fryslân is dat oantal sûnt 2005 net feroare. Dat is ien fan de konklúzjes fan ûndersyk dêr't it Fries Sociaal Planbureau (FSP) tiisdei mei komt.
Lanlik hellet hast de helte fan de jongerein in diplimo op mbo-nivo. Dat leit yn Fryslân dúdlik heger, fertelt Sibilla Hoekstra, ûndersiker by it FSP. "Yn Fryslân is dat 68 persint, en dan binne der ek noch wer ferskillen de regio."
"Ljouwert hellet it persintaazje foar Fryslân nei ûnderen", leit se út. "Want yn bygelyks Súdeast- en Súdwest-Fryslân is it oandiel hast trijekwart."
It hege tal mbo-diploma's is foar in diel te ferklearjen. "Fryslân stiet wol bekend as in provinsje mei in soad mbo'ers. Wy ha hjir ek in soad banen op mbo-nivo."

Wittenskiplik ûnderwiis

"We sjogge boppedat dat der minder diploma's op it wittenskiplik ûnderwiis helle wurde. Dat bart ek al lang", seit Hoekstra. "Dat is op himsels ek logysk, want wy ha hjir ek in lytser oanbod fan wittenskiplik ûnderwiis. As je dat folgje wolle, sille je dochs de provinsje út moatte."
De ûntwikkeling komt lykwols net allinnich troch it lytse oanbod, seit Hoekstra. "Wy sjogge dat yn it basisûnderwiis ek al minder vwo-advizen jûn wurde, en der wurde ek minder vwo-diploma's helle."
RUG / Campus Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Friezen dy't wol in wittenskiplike stúdzje dogge, wurde net altyd meinommen yn de berekkening. "As se net mear thús wenje, komme se net yn de sifers foar." En krekt dat is faak it gefal, omdat it oanbod oan heger ûnderwiis yn Fryslân lyts is.

Nivo net leger

Dat yn it basisûnderwiis faker vmbo advisearre wurdt, seit neat oer it nivo fan Fryske bern. "De skoares fan de eintoetsen binne itselde as lanlik, dus dêr leit it net oan."
In ferklearring soe neffens Hoekstra wêze kinne dat de ambysje wat leger leit. "Mar ek dat hjir in hiel soad banen binne op mbo-nivo, dan is it miskien ek net nedich om in heger diploma te heljen."
Sibilla Hoekstra fan it Fries Sociaal Planbureau