Tsjerkeried wol Dokkumer Fonteintsjerke yn jannewaris slute

De Fonteintsjerke yn Dokkum © RTV NOF, Ben de Jager
De tsjerkeried fan de protestantske gemeente Dokkum-Ealsum-Wetsens (PGDAW) is fan plan om De Fontein yn Dokkum yn jannewaris 2023 te sluten. Dat stiet yn in mail nei alle tsjerklike leden.
Op 30 juny wurdt de tsjerkemienskip 'heard' by in gearkomste. Yn july falt dan it definitive beslút troch de tsjerkeried.
It beslút komt net út de loft fallen. Nei wiidweidich ûndersyk nei alle fjouwer tsjerkegebouwen - De Fontein, De Herberch en de Grutte Tsjerke yn Dokkum en de St. Catharinatsjerke yn Ealsum - docht ûnder oare út it advysrapport fan Kerkelijk Waardebeheer bliken dat de kombinaasje fan de Grutte Tsjerke en De Herberch hanthavene bliuwe kin. Dêrtroch moat De Fontein ôfstjitten wurde.
Konkrete plannen mei it Fonteinterrein binne der noch net, mei om't de tsjerkemienskip noch heard wurde moat. "Gehinderd door de coronamaatregelen heeft het enige tijd geduurd, voordat er gecommuniceerd kon worden", stiet yn de mail dy't de PGDAW oan de leden stjoerd hat.
Ein ferline jier hat der noch in ûndersyk west oft it ferkeapjen fan de trije grutte tsjerkegebouwen, plus nijbou op it nij yn te rjochtsjen Hurddraverspark, in reële opsje wie. "Inmiddels is duidelijk dat dit niet het geval is."
Per 1 januari 2023 wordt de kerk onttrokken aan de eredienst.
De tsjerkeried fan de protestantske gemeente Dokkum-Ealsum-Wetsens (PGDAW)
Nei it definitive beslút wurdt it ferkeaptrajekt fan De Fontein yn de twadde helte fan dit jier opstart. "Per 1 januari 2023 wordt de kerk onttrokken aan de eredienst. Daarnaast wordt een onderzoek naar het toekomstig gebruik van de Grote Kerk gestart, inclusief onderzoek naar andere bronnen van inkomsten. Voor een gezond financieel beleid wordt tevens onderzoek gedaan naar reduceren van de kosten en vergroten van de inkomsten van de nu overblijvende kerkgebouwen."
It ynterieur fan de Fonteintsjerke yn Dokkum © RTV NOF, Ben de Jager
Foar it hiele IIsherberchkompleks wol de tsjerkeried in ûndersyk opsette, dêr't mooglikheden nei (parsjele) ferkeap en weromhier besjoen wurde. "Met dit besluit wordt het advies van Kerkelijk Waardebeheer overgenomen. Op een later moment zal een besluit worden genomen over de toekomst van de St. Catharinakerk te Aalsum."