Oenema tredde by WB Astana

© www.awfoto.nl
Reedrydster Thijsje Oenema fan De Jouwer is by de wrâldbekerwedstriden yn it Kazakske Astana tredde wurden op de earste 500 meter. De ôfstân waard wûn troch de Súd-Koreaanse Sang-Hwa Lee, yn 37,78. Twadde waard de Dútse Jenny Wolf mei 38,04. Thijsje Oenema klokte in tiid fan 38,22. Margot Boer fan Grou waard sechsde yn in tiid fan 38,28. Oenema stiet no twadde yn it wrâldbekerklassemint, achter Lee.
By de manlju waard Jan Smeekens, tsjinwurdich fan Snits, 14e yn in tiid fan 35,34. De 500 meter waard wûn troch Tae-Bum Mo yn 34,89.
Jesper Hospes wûn yn de B-groep de 500 meter. Hy einige yn in tiid fan 35,46, syn twadde tiid ea riden. Mei dy tiid hie er 19e west yn de A-groep. Hospes keart no wer werom yn dy A-groep.