Nije generaasje sylynstrukteurs oplaat yn Aldegea (SWF)

Nije sylynstrukteurs dogge eksamen op de Aldegeaster Brekken © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It ûntstean fan de sylkampen by Blauhús ein jierren fyftich is de ynspiraasje foar in iepenloftspul, wylst fierderop op de Aldegeaster Brekken sa'n tritich nije sylynstrukteurs eksamen dogge.
Dat diene se snein ûnder de flagge fan it no 70 jier âlde Vinea dat jongereinreizen en kampen organisearret.
Tritich potinsjele sylynstrukteurs dogge eksamen op de Aldegeaster Brekken
Sa komme ferline en takomst elkoar tsjin op de Puollen. De groep hat him taret op sylskoalle Us Hiem en moat no ûnder elkoar op it wetter al silend lesjaan, wylst ynstrukteurs mei behoarlik wat ûnderfining har beoardielje.
De motivaasje om soks te dwaan is "omdat het leuk is", seit ynstrukteur Ella Giezen út Amsterdam. "Liefde voor het zeilen helpt natuurlijk, maar je doet het voor de kinderen die je lesgeeft en de week die je beleeft. Je wilt het toch doorgeven."
Sylynstrukteurs Thiemen Pliester en Ella Giezen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Fansels binne de tiden wol feroare. Sa meie mobyltsjes net mei it wetter op en is der in strategy om de bern aktyf te hâlden, seit Maarten Kant dy't de deistige lieding hat op de sylskoalle: "We hebben altijd heel veel activiteiten als ze van het water afkomen."

"Pas huis uit als ik kon zeilen"

Dat de sylkampen sa'n lange skiednis hawwe yn Súdwest Fryslân wurket ek troch yn wa't der op ôfkomme. It is suver in famyljetradysje foar ynstrukteur Thiemen Pliester: "Ik mocht pas het huis uit van mijn ouders als ik kon zeilen. Toen wilde ik op zeilkamp en dat moest bij Vinea van mijn ouders. En dan ben je ineens hier."
It iepenloftspul Blauhús giet oer de legindaryske Vinea Domini sylkampen. Yn 1959 namen de paters Augustinen út Wytmarsum it inisjatyf om 'actieve vakanties voor Katholieke jongeren' te organisearjen. Dat waarden sylfakânsjes by Greonterp.
It iepenloftspul fertelt oer it ûntstean fan it kamp en de dielnimmers dy't faak freonen foar it libben waarden. De premjêre is 24 juny.