Soargen fan Oerol oer minder besikers binne fuortnaam: opnij sa'n 50.000

Oerolpublyk by it optreden fan it Broken Brass Ensemble © ANP
Lokaasjeteäterfestival Oerol op Skylge hat dit jier sawat likefolle besikers lutsen as by de lêste fysike edysje, yn 2019. It wienen der sa'n 50.000. It publyk is wol jonger wurden, meldt de organisaasje.
It festival seach der dit jier oars út as by de edysjes fan foar de coronakrisis. Der wienen nije 'Festival Oorden' en der wie bygelyks folle minder strjitteäter.
"De afgelopen jaren hebben we goed kunnen gebruiken om nieuwe ontmoetingen en veel inspiratie op te doen", seit Sabine Pater, ferantwurdlik foar de programmearring op it festival.

"Actueler dan ooit"

"We zijn over de gehele linie blij met de stappen die we dit jaar hebben gemaakt, onze programmering met veel jonge makers is actueler dan ooit tevoren en dat hebben we deze editie terug gezien in de praktijk."
Publyk by in optreden fan sjongeres Merol © Marleen Annema
Algemien direkteur Siart Smit wie benijd oft it publyk wol werom komme soe nei Oerol, nei twa skraste edysjes.
"Ook omdat theaters door het hele land kampen met een lagere bezetting. Die zorg is gelukkig weggenomen en dat is terug te zien in de ticketverkoop."
Oerol duorre fan freed 10 oant en mei snein 19 juny. Tsien dagen wienen der foarstellingen, konserten, lytse optredens, lânskipskeunst en ekspedysjes op Skylge.
Oerol is it grutste lokaasjeteäterfestival fan Europa. Joop Mulder is de oprjochter fan it festival. Hy ferstoar yn 2021.
It festival sjocht wol dat it publyk wat feroare is, ek yn gedrach. Earder kamen in protte besikers in wykein, no binne der folle mear besikers dy't langer op it eilân ferbliuwe en mear foarstellingen sjogge.
Neffens Smit wie it publyk entûsjast oer de fjouwer 'Festival Oorden', plakken ferspraat oer it eilân dêr't wat te belibjen wie. Hy seit dat sawol de eilanners as de besikers de Oorden omearme ha.
'TAL variaties op bal' by it Arjensduin © Nichon Glerum
Earder wie de Westerkeyn it festivalhert. Dat wie dit jier allinnich jûns noch iepen, it waard dan omtsjoend ta Club W, dêr't dûnse wurde koe. It wie dit jier de lêste kear dat Oerol de Westerkeyn brûke koe, want it gebiet is ferkocht.

Yn it nijs

It festival wie de ôfrûne wiken ek geregeld yn it nijs. Sa wie de Fûgelwacht lilk op de organisaasje, omdat der aktiviteiten njonken briedende fûgels wienen.
Fierder baalden guon ûndernimmers op it eilân dat der minder strjitteäter wie. En Tryater moast alle foarstellingen fan Under Wetter annulearje fanwegen coronabesmettingen binnen de cast. Yn it lêste wykein moasten ek noch trije foarstellingen skrast wurde fanwegen corona.

Djiptepunt

Djiptepunt wie it skrassen fan in besite fan firolooch Marion Koopmans. Sy soe gast wêze by it tv-programma Opium fan de Avrotros, mar fanwegen in 'feiligensrisiko' is yn oerlis mei de plysje besletten dat se net nei Skylge kaam.
"Het is heel heftig, daar mogen we best even bij stilstaan: dat een wetenschapper zich niet vrij kan begeven in de samenleving", sei Avrotros-wurdfierder Eric Dekker. Hy neamt it in "ernstige en kwalijke zaak".