Liveblog | 19 juny 2022

Frysk talint ferslacht olympysk kampioen | Darters ûnderút op WK

Yn dit blog bringe we de lêste ûntwikkelingen oangeande de sport yn Fryslân. Mei dizze snein:

  • Twa kear wrâldbekergoud foar roeister Ymje Clevering yn Poalen;
  • De Nederlânske follybalsters winne foar it earst yn de Nations League;
  • Freerk Blom fan Hylpen hat de Ronde om Texel wûn yn de nije olympyske IQ-Foil-klasse.
Lêst bywurke: 19 juny 2022, 19:49
snein 19 juny 2022
20:00

Tank foar it folgjen

Oant safier it belangrykste Fryske sportnijs fan dit wykein. Noflike jûn noch!
19:46

Darters ûnderút

Darters Danny Noppert (fan De Jouwer) en Dirk van Duijvenbode ha net foar in ferrassing soargje kind yn de heale finale fan it WK foar lanneteams. Wales wie te sterk foar it Nederlânske team.
Noppert ferlear mei 4-1 fan de nûmer twa fan de wrâld, Gerwyn Price. Dirk van Duijvenbode hie in beslissende dûbeldwedstriid ôftwingje kind, mar hy gong ûnderút tsjin Jonny Clayton: 4-2.
19:24

Jonge Fryske foiler wint fan Kiran Badloe

Freerk Blom wint de Ronde om Texel © Dirk Blom
Wynfoiler Freerk Blom (18) fan Hylpen hat de Ronde om Texel wûn yn de nije olympyske IQ-Foil-klasse. Ien fan syn tsjinstanners wie Kiran Badloe, olympysk kampioen yn Tokio yn de RS:X-klasse.
Dy klasse ferdwynt by de kommende Olympyske Spelen en wurdt dan ynruile foar it nije ûnderdiel foiling. Dêrby surfe de dielnimmers in meter boppe it wetter en helje se in hegere snelheid as yn de âlde klasse.

"Ongelofelijk zwaar"

Mei syn oerwinning pakt Blom ek de nasjonale titel. Hy kaam nei 3 oeren, 56 minuten en 35 sekonden oer de finish. "Het was echt ongelofelijk zwaar", seit er yn in reaksje tsjin Roundtexel.com.
"Het was een heel licht windje, dus het was een kwestie van pompen, pompen, pompen en zorgen dat je eruit komt. Dat je meters kan maken, het was echt wachten op de vlaagjes. En gewoon gaan en niet loslaten."

Krekt slagge foar eksamen

Yn de tarieding op de Ronde om Texel hat Blom in koart trainingskamp dien mei Adriaan van Rijsselberghe, de broer fan âld-olympysk kampioen Dorian. "Die heeft zeker hier zoveel ervaring, daar pak je dan snel een hoop informatie van op. Ik ben net geslaagd voor mijn vwo-examen, dus we kunnen nu na eigenlijk vier weken niet gevaren te hebben weer een reeks van wedstrijden gaan varen. Het was gewoon top, echt superleuk."
Foiling stiet op it programma by de Olympyske Spelen fan Parys 2024. Freerk Blom rjochtet him op de Spelen yn Los Angeles, fjouwer jier letter. Hy sit yn in talintetrajekt foar dy Spelen.
18:15

Bergsma ferslacht Steenstra

Nei wat teloarstellende earste omlopen is it keatspublyk yn Sint-Jabik noch ferwend mei in spannende heale finale en finale.
De winst gong nei Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Dy wienen yn de einstriid mei 5-4 6-0 te sterk foar Tjisse Steenstra, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar.
17:39

Anouska Koster twadde by rentree

Anouska Koster © Martijn Adema
Hurdfytster Anouska Koster hat nei twa moannen har rentree makke yn it peloton. Yn de Luba Ladies Classic (yn en om Noordwijk, Súd-Hollân) waard se fuortendaliks twadde.
De hurdfytster út De Westereen sprong mei Femke Markus fuort út in elitegroepke. Yn de sprint wie Markus te rap.
It wie Koster har earste wedstriid sûnt Luik-Bastenaken-Luik, ein april. Dêryn waard se fjirtjinde.

NK yn Emmen

Kommende woansdei rydt Koster it NK tiidriden yn Emmen. It wykein dêrnei is it NK op de dyk.
17:06

Noppert yn heale finale

Darter Danny Noppert yn it tenu fan Nederlân © ANP
De Jouster darter Danny Noppert stiet jûn mei Dirk van Duijvenbode yn de heale finale fan de World Cup of Darts, in darttoernoai wêryn't lannen it tsjinelkoar opnimme.
Nederlân wûn sneintemiddei mei 2-0 fan Noard-Ierlân. Noppert wie mei 4-2 te sterk foar Daryl Gurney. Dêrnei wûn Van Duijvenbode mei 4-3 fan Brendan Dolan.
De heale finale yn Frankfurt is om 19.10 oere. Dan nimt Nederlân it op tsjin Wales, mei Gerwyn Price en Jonny Clayton. Yn de oare heale finale steane Australië en Ingelân.