Wat hat Rôze Sneon yn Ljouwert opsmiten?

Pride yn Ljouwert ferline jier © ANP
It is dizze sneon Rôze Sneon yn Rotterdam. It jierlikse evenemint om de akseptaasje fan homo's, lesbiënnes, transgenders en oare seksuele minderheden op de kaart te setten. Ferline jier mocht Ljouwert it evenemint organisearje. Wat hat dat opsmiten?
"Ik kan zeggen dat in aanloop naar Roze Zaterdag we bij Tûmba vorig jaar echt merkten dat mensen er heel veel behoefte aan hadden", seit Mirka Antolovic fan Diskriminaasje Meldpunt Tûmba. "Wij dachten toen: gezien de cijfers en al onze inzet zal de acceptatie wel beter zijn. Maar helaas horen we andere verhalen waaruit blijkt dat dat niet zo is."

Taname yn tal meldingen

Yn 2021 dienen 30 minsken melding by it sintrum fan diskriminaasje op basis fan seksuele foarkar. Yn 2020 wienen dat noch njoggentjin. Dochs bestjut dat neffens Antolovic net dat de diskriminaasje tanaam is. "Het kan ook zijn dat ze ons beter weten te vinden."
De measte meldingen komme fan ynsidinten op strjitte. "Dat mensen onheus bejegend worden. Helaas kunnen wij nog steeds niet hand in hand over straat lopen met iemand van hetzelfde geslacht. Dat is nog niet geaccepteerd en nog niet genormaliseerd. Dus de meeste meldingen gaan over burenruzies en uitschelden op straat."
Wat hat Rôze Sneon opsmiten?
Brenda de Groot fan it COC, de belangebehertiger fan lhbti'ers, fernimt ek dat de needsaak fan Rôze Sneon der noch hieltyd is. "Er zijn nog steeds incidenten. Vlaggen die worden weggehaald, Jongeren die door ouders het huis uit worden gezet, mensen die door de buren worden weggepest", seit De Groot.
Neffens har is it dêrom wichtich dat eveneminten as Rôze Sneon organisearre wurde. "Vooral voor zichtbaarheid. Door die zichtbaarheid krijg je mensen die erover na gaan denken en uiteindelijk dus ook meer informatie op gaan zoeken. Jongeren kunnen dan denken: 'Hee, ik ben niet anders. Ik ben niet gek. Dit ben ik. Ik kan bij mensen terecht'."
Als je van die roze wolk af bent, kom je toch weer terug bij de realiteit.
Brenda de Groot (COC Fryslân)
Mar úteinlik wie it effekt fan de Rôze Sneon yn Ljouwert yn har ûnderfining foar in grut part mar tydlik, neffens De Groot. "Je leeft een paar weken op een roze wolk. Dat was heel mooi. De sfeer op het evenement was ook erg goed. Maar je merkt dat daarna, als je van die roze wolk af bent, dat dat oplost en dat je dan toch weer bij de realiteit terugkomt. Dat je dan toch die dingen nog steeds ziet."

Happy

Lenie Lap, in prominint figuer yn de Fryske reinbôgewrâld, hat in soad positive gefoelens oerholden oan Rôze Sneon yn de Fryske haadstêd. "It wie echt in geweldige dei", seit Lap fan Wetsens. "Op sa'n dei fiele je je hiel happy. It is in feestdei."
It hat neffens har dan ek in soad opsmiten foar de reinbôgemienskip. "In mem mei twa bern dy't by de reinbôgefamylje hearde, fertelde my dat se troch de Rôze Sneon as famylje wer byinoar kaam binne. It kontakt mei in broer is wer goed wurden. Dat rekket my. Ik wit fan mear minsken dat ast út de kast komst, gesinnen dan útinoar falle. Dit is geweldich, dat it troch de Rôze Sneon goedkaam is."

Net mear nedich?

Lap wurket yn it ûnderwiis en se fernimt dat by de jongerein de akseptaasje grutter is. Mar oft der ea in tiid komt dat Rôze Sneon net mear nedich is? "Dat is in lestigen", seit Lap.
"It soe moai wêze as elkenien by de reinbôgefamylje hearde en dat we der net mear oer hoegden te praten. Mar oft dat ea safier komt? We binne minsken mei-inoar. Alles wat oars is, is elke kear wer in probleem", beslút Lap.