Gemeenten twingje yn asylkrisis is opsje, seit Rutte

Premier Mark Rutte by syn wyklikse parsepetear © ANP
It kabinet wol de asylkrisis graach "in goed overleg" mei gemeenten oplosse, mar as dat net wurket, dan is twang mooglik. Dat seit premier Mark Rutte.
"Dat wil je natuurlijk voorkomen", sei Rutte der wol by op syn wyklikse parsekonferinsje nei de ministerried.
It Ryk presintearre freed in nije krisisstruktuer. Yn earste ynstânsje is dat om rap skeakelje te kinnen mei belutsen oerganisaasjes en oerheden. Mar as dat net slagget, dan binne der "wettelijke mogelijkheden" foar in stok achter de doar.
Frijwilligers fan it Reade Krús sette tinten del yn Ter Apel © ANP
Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean opperet al langer om gemeenten te twingjen. It oanmeldsintrum yn Ter Apel sit gau fol, wêrtroch't asylsikers geregeld op stuollen sliepe moasten. Hearrenfean fong yn sokke situaasjes geregeld flechtlingen tydlik op, mar dat is foar de lange termyn gjin oplossing.
Sa wurde in protte saken yn Nederlân desintraal regele. By in krisis wurket dat net altyd goed, sei Van der Zwan yn maaie. "Op zich is dat systeem goed, maar als er iets stante pede geregeld moet worden, dan is wellicht meer dwingende regelgeving een oplossing."
Freedtejûn waard bekend dat steatssekretaris Eric van der Burg tinkt dat er in oplossing hat foar de meast akute need yn Ter Apel. De feilichheidsregio's ha foar de kommende dagen sa'n trijehûndert ekstra opfangplakken tasein.
Rutte sei freed dat er him skamme foar de situaasje yn Ter Apel. "Mensen liggen voor het centrum in het gras."
De premier wol dat de drokte yn it oanmeldsintrum ferholpen wurde moat, mar noch wichtiger fynt er dat de trochstreaming fan asylsikerssintrums nei wenningen better giet.
Statushâlders, dy't yn Nederlân bliuwe meie, moatte neffens Rutte begjinne kinne oan harren yntegraasje yn de mienskip.