Marrit Steenbergen wol it gat mei wrâldtop lytser meitsje op it WK

Marrit Steenbergen ûnder de wikselslach © Orange Pictures
Oer medaljes prate hat foar it wrâldkampioenskip langebaanswimmen net safolle doel foar Marrit Steenbergen. Se realisearret har mar al te goed dat it gat mei de wrâldtop dêrfoar noch te grut is.
Sneon begjint foar de 22-jierrige swimster it WK yn de Hongaarske haadstêd Boedapest. Se kin har boarst wiet meitsje, want neist trije yndividuele ôfstannen start se mooglik ek noch op fjouwer estafetteûnderdielen.
"Als ik alles mag zwemmen, heb ik wel een druk WK ja", laket Steenbergen yn har Hongaarske hotelkeamer. Dat se dêr no is, hie ek nochal wat fuotten yn de ierde. De plande flucht fan woansdei fan Schiphol ôf waard skrast. Yn sân hasten fûn it swimbûn noch in oare flucht, moarns betiid.

Goed yn foarm

It swimbad yn Boedapest is bekend terrein foar Steenbergen. Earder swom se der op in Europeesk kampioenskip. No begjint se dêr sneon mei de 200 meter wikselslach en de 4x100 meter frije slach mei de estafetteploech.
Dat docht se yn goeie foarm. De ôfrûne moanne hie de Easterwâldster wedstriden yn Monaco, Spanje en Frankryk. De resultaten wiene goed. Neist inkele oerwinnings swom se ek in persoanlik rekôr op de 200 meter wikselslach. "Ik denk dat ik er goed voor sta", seit Steenbergen.
Marrit Steenbergen © Orange Pictures
"Een finale wordt sowieso heel lastig voor mij, als je ziet wat de wereldtop nu doet. Dan zit ik daar nog wel een stukje vanaf", jout de Fryske swimster ta. De grutste kâns op in yndividuele finaleplak hat se op de 100 meter frije slach.
Al wit se noch net iens sa lang dat se dy ôfstân op dit WK ek swimme mei. "Op het kwalificatiemoment zat ik één honderdste boven de limiet. Eigenlijk mocht ik hem niet zwemmen. Maar in Barcelona zwom ik alsnog onder de limiet en aangezien ik hier toch ben, mag ik hem zwemmen."

Wannear komt Marrit Steenbergen yn aksje?

- Sneon 18 juny: heats en heale finale 200m wikselslach en 4x100m frije slach mei de estafetteploech
- Snein 19 juny: mooglik finale 200m wikselslach
- Moandei 20 juny: heats en heale finale 200m frije slach
- Tiisdei 21 juny: mooglik finale 200m frije slach en mooglik 4x100m wikselslach mei de mixed-estafetteploech
- Woansdei 22 juny: heats en heale finale 100m frije slach
- Tongersdei 23 juny: mooglik finale 100m frije slach
- Freed 24 juny: mooglik 4x100m frije slach mei de mixed-estafetteploech
- Sneon 25 juny: mooglik 4x100m wikselslach mei de estafetteploech

Estafetteploech

Der binne fjouwer estafetteûnderdielen dêr't Steenbergen yn aksje komme kin. De 4x100 meter frije slach sil se yn alle gefallen swimme en dan hinget it fan har prestaasjes dêrop ôf oft se ek de oare trije ûnderdielen dwaan mei.
Dat binne de 4x100 meter wikselslach mei de froulju, de 4x100 meter wikselslach mei de mixed-estafetteploech en de 4x100 meter frije slach mei de mixed-estafetteploech. Gewoanwei wurdt it heljen fan medaljes ek lestich op de estafetteûnderdielen.

Hoop op de finale

Steenbergen hopet de finale te heljen, want dan soe se by de bêste acht fan de wrâld sitte. Se tinkt dat dat slagje kin, mitsdat alles meisit. "En zelfs dan wordt het nog wel lastig. Als ik kijk wat de wereldtop doet, dan moet ik echt wel heel hard zwemmen."
It grutte doel is de Olympyske Spelen fan 2024 yn Parijs, Frankryk. En dus hat Steenbergen noch twa jier om it gat mei de wrâldtop lytser te meitsjen.
In foarútblik op it WK mei Marrit Steenbergen