Lars Boom komt nei Sintrumkros

25 nov 2011 - 11:03

Hurdfytser Lars Boom fan de Rabobankploech docht yn desimber mei oan de Sintrumkros fan Surhústerfean. Boom wie yn 2008 wrâldkampioen by it fjildriden. De lêste jierren docht er mar in pear fjildkoersen yn it jier, omdat er de foarkar jout oan it fytsen op de dyk. Njonken de Sintrumkros yn Surhústerfean docht Boom noch oan fiif fjildwedstriden mei.

Lars Boom stiet bekend as in grut talint. Yn 2010 wûn er noch in etappe yn de Vuelta, de Omgong fan Spanje. De organisaasje fan de Sintrumkross is bliid mei de komst fan Boom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)