Trochfierde feroarings kinne net op tsjin typyske Oerolsfear

De Betonning op Oerol dit jier © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Lokaasjeteäterfestival Oerol hat dit jier nochal wat feroarings trochfierd. Der binne nije lokaasjes en de kaartferkeap is folslein digitaal. Dat jildt ek foar it Oerolkrantsje. De typyske Oerolsfear is wol wer as fan âlds, sa fine in soad besikers. Gjin feroaring kin dêr tsjin op.
Der binne dit jier fjouwer festivallokaasjes. De earste is De Betonning, dy't no al in pear jier ûnderdiel is fan Oerol. De Westerkeyen wie altyd it festivalhert mei ek de kaartferkeap, mar dêr is no allinnich mar in tinte dy't allinnich jûns iepen is foar dûnsfeesten. Takom jier wurdt dit terrein net mear brûkt: it is ferkocht en der sil op boud wurde.
Hielendal nij dit jier is Oost, oan de ein fan it eilân. Dêr giet it foaral om duorsumens en iten. En dan is der noch De Luwte, mei dêr ek it Boskteäter.
Wenne oan feroarings op Oerol: sfear wol as fan âlds
Dichter en artyst Joost Oomen fynt it hearlik om wer live foar 'echt' publyk optrede te kinnen. It Boskteäter, ûnderdiel fan de nije festivallokaasje De Luwte, sit grôtfol ûnder syn foarstelling. It hjit 'Vruchtjes eten' en it fruit fljocht dêryn it publyk letterlik om de earen. Hy draacht gedichten foar ûnder begelieding fan de band Kruidkoek.
Dichter en artyst Joost Oomen
Oerol is fan freed 10 oant en mei snein 19 juny. Tsien dagen binne der foarstellingen, konserten, lytse optredens, lânskipskeunst en ekspedysjes op Skylge. Omrop Fryslân is derby en docht ferslach op radio, tv en online. Fan moandei oant en mei sneon komt der om 18.00 oere in ferhaal online.