Studinten sammelje hûndert fytsen yn foar Oekraynske flechtlingen

Studinten fan ROC Friese Poort yn Snits bringe tongersdei fytsen nei Oekraynske flechtlingen ta. Mei in aksje hawwe se sa'n hûndert fytsen ynsammele.
De studinten Werktuigbouwkunde hawwe de fytsen sels opknapt. Se bringe in earste part fan de fytsen nei opfanglokaasjes yn Frjentsjer en Menaam. "It binne allegear wol kreaze fytskes dy't wy krigen hawwe, wy hawwe se allegear donearre krigen, fan ferskate minsken", fertelt Gerrit de Ruiter.
Hy leit út hoe't de aksje ûntstien is. "Wy hawwe op skoalle altyd maatskiplike projekten, en de opdracht wie om in projekt foar in goed doel op te setten, foar flechtlingen. Doe kaam dit op ús paad."
Fryske studinten sammelje fytsen yn foar Oekraynske flechtlingen
Patrick van der Kooi is ek studint fan de oplieding. Hy is ien fan de inisjatyfnimmers, en fertelt hoe't se de fytsen ferdield hawwe. "Het ging eigenlijk heel mooi. Op het schoolterrein konden mensen zich aanmelden voor een fiets, het ging heel soepel, het waren leuke, aardige mensen."
"Het enige was dat er soms nog een ketting op gezet moest worden of dat een band geplakt moest worden", fertelt er. Dat wie foar de studinten Werktuigbouwkunde gjin punt. "Dat doen we zo. Het is leuk met de groep, met muziek erbij ook."
In fyts dy't oan in Oekraynske flechtling jûn wurdt © ROC Friese Poort
De studinten fine it hielendal net slim om de fytsen nei de opfanglokaasjes te bringen. "Wy ha der moai waar by, it fytst moai troch."

Gjin feest

Nettsjinsteande de positive aksje hawwe de studinten harren ek ferdjippe yn de situaasje fan de flechtlingen. "We hebben allemaal uitleg gekregen, dat we daar straks niet feestelijk aankomen, maar met respect en medeleven voor de mensen. Daar hebben we echt wel over nagedacht."
Studinten donearje fytsen foar Oekraïne