Needopfang asylsikers op It Hearrenfean wer leech: "It ôfskied wie hiel freonskiplik"

De opfanglokaasje yn de Hoekstrahal © Dennis Stoelwinder/GrootHeerenveen
De 120 asylsikers dy't de ôfrûne twaenheale wike yn de Hoekstrahal op It Hearrenfean ûnderbrocht waarden, binne woansdei oerpleatst nei in oare opfanglokaasje yn Arnhem.
De Veiligheidsregio woe de opfangperioade net ferlingje om't de meiwurkers der trochhinne sitte. "It is goed dat se wer efkes yn de rêst kinne", seit lokaasjemanager Erik Vonk.

Goeie sfear

Neffens Vonk is de opfangperioade goed ferrûn. "Der wie in goeie sfear. It wie in rêstige groep en de ynteraksje mei ús meiwurkers wie ek goed. Dêr binne wy hiel tefreden oer."
Meiwurker Jolanda Couperus slút har by dy wurden oan. "It wie hiel bysûnder. Se kamen as groepkes binnen, mar op it lêst dienen se alles mei elkoar."
Needopfanghal op It Hearrenfean wer leech
Woansdei folge it momint dat de groep nei in oare lokaasje moast. "De iene joech dy in boks, de oare fleach dy om de hals. It wie in hiel freonskiplik ôfskied", stelt Vonk.
"Dan is it ek goed", follet Couperus oan. "Je witte dat se fierder moatte. Dan kinne se fierder de proseduere yn."

Yntinsyf

Couperus sjocht mei in goed gefoel werom op de perioade dat de flechtlingen yn de Hoekstrahal sieten. "It wie hiel moai en yntinsyf, mar net dreech. It wie wol in hiele noflike groep, mar omdatst witst dat der in eindatum oan sit, hâldst wol in ôfstân."
De hal wurdt no skjinmakke. Ynkoarten sille der nei alle gedachten wer flechtlingen út Oekraïne yn komme.