KNVB makket konseptskema bekend: earste Fryske derby yn novimber

De derby fan foarich seizoen © Orange Pictures
Sc Hearrenfean en SC Cambuur spylje yn de twadde wike fan novimber foar it earst tsjininoar yn it Abe Lenstra stadion. De return yn Ljouwert stiet foar healwei febrewaris yn 'e aginda.
Fuotbalbûn KNVB makke woansdei it konseptkompetysjeprogramma fan sawol de earedivyzje as de Keuken Kampioen Divisie bekend.

Sc Hearrenfean

Yn de twadde kompetysjeronde, op sneon 13 augustus, spilet sc Hearrenfean út tsjin Feyenoord. Sneon 10 septimber moat sc Hearrenfean nei Amsterdam foar it treffen tsjin de regearjend lânskampioen, Ajax. Op sneon 8 oktober komt PSV op besite yn it Abe Lenstra stadion.

SC Cambuur

Op sneon 3 septimber spilet de ploech fan Henk de Jong tsjin Ajax yn de Johan Cruijff Arena. Op 1 oktober komt PSV op besite yn Ljouwert en yn it wykein fan 28, 29 en 30 oktober spilet Cambuur de útwedstriid tsjin Feyenoord.
Sc Hearrenfean iepenet it nije fuotbalseizoen op freed 5 augustus mei de thúswedstriid tsjin Sparta. In dei letter nimt Cambuur it op tsjin promovendus Excelsior.
Omdat it om in konseptprogramma giet, kinne der noch feroarings komme.