Geke Halbesma is op har plak yn Nij-Seelân: "Mar Fryslân bliuwt myn thús"

© Geke Halbesma-Hooghiemstra
Geke Halbesma gie mei har man en twa bern seis wike op camperfakânsje yn Nij-Seelân. Se rekke op slach fereale op it lân.
Doe't der in kâns kaam om dêr oan it wurk te gean, binne se der fuort hinne gien. In opfallende stap, want Geke is in echte memmepop. "Mar it lân is sa moai dat we graach dy stap nimme woenen."

"In hiele útdaging"

En sa begûn foar Geke en har húshâlding in grut aventoer. "We hawwe it hûs ferkocht, de spullen ynpakt en we binne mei twa bern dy kant út gien. Dan begjinne je wer hielendal op 'nul'. Dat wie in hiele útdaging."
De húshâlding wennet yn Auckland, oan de eastkust fan Nij-Seelân. "It is fiif minuten rinnen nei it strân, dus we hawwe it hjir hartstikke goed nei ús sin. It is in hartstikke moai plakje en it klimaat is goed, lekker waarm", seit Geke entûsjast.
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Twa jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat Whatsapp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt se en hokker aventoeren meitsje se mei?
Geke en har man giene mei twa bern dy kant op, mar dêrmei wie de húshâlding noch net kompleet. "We binne mei de twilling Jildou en Femke dizze kant útkaam. Dy wienen doe twaenheal. Letter is der noch in famke bykaam, Renske, en dêrnei ek noch in jonkje, Jelte. We binne no mei syn seizen."

Frysk prate

De bern hawwe dus in Fryske namme krigen. "It is hjir net út te sprekken, mar it docht der net ta, want it is ús Fryske roots. Ik bin ek op en top Fries. Wy hawwe in kaart yn hûs mei dêrop de tekst: Kinst it famke wol út De Wâlden helje, mar De Wâlden net út it famke."
Thús wurdt ek noch Frysk praat. "Gewoanwei prate we altyd Frysk mei de bern. It is foar harren dreech om it by te hâlden, om't se op skoalle Ingelsk prate en mei guon famyljeleden Nederlânsk. Mar wy hâlde altyd fol om Frysk tsjin se te praten."

Efkes werom, mar al gau wer fuort

Geke hat it bot nei har sin yn Nij-Seelân, mar it missen fan de famylje is ek wolris dreech. "Der binne hiel wat triennen floeid. It is net maklik. Se sizze wolris: kieze is ferlieze en dêr wurde wy ek mei konfrontearre. It is in hiel grut gemis. Ik hie it leafst myn famylje om my hinne hân."
Yn 2020 wie de famylje efkes werom yn Nederlân, mar de húshâlding koe har plakje net fine. "It wie dreech om wer te aardzjen om't we it yn Nij-Seelân ek hiel moai hienen. We kamen yn coronatiid werom. Dat wie net de bêste tiid om't der hiel wat restriksjes wienen. We koenen net alles dwaan wat we woenen."
Harkje nei it folsleine petear mei Geke Halbesma
De Halbesma's krigen doe de kâns om wer yn Nij-Seelân te wurkjen en dy kâns koenen se net lizze litte. "We hawwe nei tsien moannen ús kofferke wer ynpakt en we binne wer weromferhuze."

Thús

"Fryslân is myn thús en Nij-Seelân is dêr't ik wenje", seit Geke lykwols. "Thús is dochs ek wol famylje. Dat klinkt in bytsje dûbeld, mar famylje bliuwt altyd. Ik hoopje dat de famylje gauris oerkomme kin, sadat we dochs dy bân hâlde."
Want foarearst bliuwe de Halbesma's wol yn Nij-Seelân. Geke hat krekt in nije baan. "By it Leger des Heils. Ofrûne wike bin ik begûn en oant no ta befalt it goed."