Wethâlder net fan doel ôfsluting dyk troch Fochtelerfean werom te draaien

Marian Jager-Wöltgens © Ooststellingwerf
Hoewol't in tal partijen yn ferset kaam tsjin in ôfsluting fan de dyk troch it Fochtelerfean, is wethâlder Marian Jager fan Eaststellingwerf net fan doel har stânpunt te feroarjen.
It kolleezje wol de kommende 2,5 jier de dyk ofslute om te sjen wat de gefolgen binne. De dyk fersteurt de wetterhúshâlding yn it natuergebiet en der wurde tal fan bisten deariden op de dyk.
Yn de proeftiid sille der wol ûntheffingen komme foar minsken dy't yn it gebiet wêze moatte. Nei de perioade wol it kolleezje definityf in beslút nimme oer de ynrjochting fan de dyk.

Benaud foar ferkear troch De Fochtel

Guon partijen, lykas de Vrije Partij Ooststellingwerf, binne benaud dat bestimmingsferkear tenei de koartste rûte kieze sil: troch it doarp De Fochtel hinne. Dat soe oerlêst opsmite. Wethâlder Jager wol dat monitoarje.
It Fochtelerfean (argyffoto) © ANP
Lokaal Sociaal Ooststellingwerf en de Vrije Partij Ooststellingwerf kamen mei de krityk dat it tellen fan deariden bisten bart troch Natuurmonumenten mei frijwilligers. Dat soe net in objektive registraasje wêze. Mar wethâlder Jager joech oan der muoite mei te hawwen dat it hjoed-de-dei liket oft it in gewoante wurdt elts ûndersyk yn twivel te lûken.
Nettsjinsteande de wjerstân kin Jager wol rekkenje op stipe fan it CDA, GroenLinks, D66, PvdA en mooglik de VVD. Dat binne mei-inoar 11 fan de 21 sitten.