Skylger boeren wolle gau dúdlikheid: "Zelfs als alle boeren ophouden is dat niet genoeg"

Boer Gerard Cupido fan Skylge © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
De alve boeren op Skylge wolle sa gau mooglik mear dúdlikheid oer de stikstofplannen fan minister Christianne van der Wal. Ek de boargemasters fan alle waadeilannen trúnje dêr op oan.
De boeren snappe net folle fan de plannen dy't útgean fan in stikstofreduksje op de eilannen fan 47 oant mear as 95 persint.

Ympakt is grut

Boargemaster Caroline van de Pol fan Skylge wiist der op dat de measte stikstof dy't op de eilannen delslacht fan bûten komt: "Vlieland heeft niet eens boeren, maar moet toch 95 procent stikstof reduceren. Hoe moet dat?"
Wethâlder Gea van Essen ûnderstreket it belang fan de boeren op it eilân foar de greidefûgels en de natuer. "Daar spelen zij een cruciale rol in. Zonder hen is dat niet voor te stellen."
Boargemaster Caroline van de Pol en wethâlder Gea van Essen © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Beiden sjogge dat de plannen by de boeren foar grutte ûnwissens soarget. "De impact bij hen en hun gezin is groot. Dat moet je niet onderschatten", seit Van de Pol.

'Grutte oandacht foar natuer'

Ut de boeren wei wurdt derop wiisd dat der op it eilân al hiel ekstinsyf buorke wurdt mei grutte oandacht foar natuer en greidefûgels. "Alle boeren doen aan uitgesteld maaien tot 15 juni of nog later", seit Jaap Lieman, boer en campingeigener.
Rinke Mier, dy't yn in maatskip mei syn soan en frou 160 kij melkt, seit dat de boeren mear as 400 bunder rûch lân beheare. "Dêr rinne pinken en drûge kij (kij dy't tydlik gjin molke jouwe, red.). Sûnder dy bisten feroaret it gau yn bos. Dan bliuwt der neat fan oer."
Skylger boeren wolle gau dúdlikheid
Mier, dy't njonken it buorkjen gjin oare aktiviteiten hat, fertelt dat plannen foar oanpassing en útwreiding fan de stâl foarearst even útsteld wurde. "We moatte earst witte wêr't we oan ta binne."

Optimistysk

Boer Gerard Cupido, mei 145 kij, kin net leauwe dat de plannen sa útfierd wurde sa as se der no lizze. "Zelfs als alle boeren ophouden is dat niet genoeg. Dan moet er nog veel meer gebeuren. Ik blijf optimistisch. Laten we eerst maar eens kijken wat er precies gebeurt."
Cupido en ek syn kollega's stiet efter eventuele aksjes, mar hopet dat de boeren net sa as ferline wike nei it hûs fan minister Van der Wal geane. "Dat moet je niet doen. Dat is niet goed."