Strânopera Kaapdiegoeiekoop moat minsken oan it tinken sette oer harren gedrach

Kaapdiegoeiekoop op Oerol © Miranda Werkman
It is ien fan de hichtepunten fan it festival: de strânopera Kaapdiegoeiekoop fan Silbersee, teäterselskip Gouden Haas mei Slagwerk Den Haag en fokaal ensemble Consensus Vocalis.
De opera giet oer gewin boppe moraal pleatse, oaljeferslave wêze, systemen dy't net mear wurkje en it yn de bek sjen fan it kapitalistyske meunster dat we sels kreëarre hawwe. In opera dy't de ein fan in tiid besjongt. Fan aria oant boyband: 18 performers sjonge, dûnsje en fertelle.
Strânopera Kaapdiegoeiekoop
Kaapdiegoeiekoop is nei 'Dijkdrift' en 'Aardappelvreters' it tredde en lêste diel fan de opera-trilogy 'Eilanden' dy't Jibbe Willems skreau foar it selskip Silbersee.

Net de oare kant op sjen

Neffens regisseur Gienke Deuten kin it publyk fiele hoe beknipend sy dizze tiden ûnderfynt. Se hopet dat it minsken oanset net mear de oare kant op te sjen. Mar dat se harren eigen gedrach feroarje.
Dat kin troch je bewust te wêzen fan wat je keapje of stimme. By de opera heart ek in podcast wêryn't de kaptein opnaam wurdt yn de Groene Kliniek. Hjir leart er hoe't hy syn gedrach feroarje kin.
Oerol is fan freed 10 oant en mei snein 19 juny. Tsien dagen lang binne der foarstellingen, konserten, lytse optredens, lânskipskeunst en ekspedysjes op Skylge. Omrop Fryslân is derby en docht hjirfan ferslach op radio, tv en online. Fan moandei oant en mei sneon komt der om 18 oere in ferhaal online.