HEA! Libbensgenieter Enno van der Zee

HEA! Libbensgenieter Enno van der Zee
Enno van der Zee is libbensgenieter, artyst en wennet op syn skip Ennioway yn Snits. In 2013 wie HEA! op besite en syn sjongende papegaai Roxanne hie doe it grutste wurd, lykas de baas.
Tsien jier ferlyn gie it goed mei Enno. Hy wenne allinnich op syn skip en fûn dat wol bêst sa. Gjin froulju en drokte om him hinne. Op dit stuit giet is 'sa sa' mei him. De jierren begjinne te tellen, en syn skip is eins al lang oan in opknapbeurt ta. Mar hy is optimistysk fan karakter en hy bidt alle dagen om krêft.