PvdA Fryslân: stikstofplan moat útfierberder, mar net werom nei tekentafel

Fraksjefoarsitter Hetty Jansen fan PvdA Fryslân © Omrop Fryslân
By de Natura2000-gebieten dêr't de stikstofskea is slimst is, moat de provinsje yngripe. Mar yn de grutte transysjesône is noch safolle ûnwis dat je net oerhastich hannelje moatte, fynt PvdA-fraksjefoarsitter Hetty Jansen.
It kolleezje fan Deputearre Steaten komt tiisdei mei in stânpunt oer de stikstofplannen fan it kabinet. Minister Christianne van der Wal foar Natuer en Stikstof makke freed bekend dat de boeresektor drastysk de feesteapel omleech bringe moat, om de skea fan stikstofdelslach te beheinen.
De Fryske koälysjepartijen CDA, VVD, FNP en PvdA binne kritysk oer de stikstofplannen. Benammen by it CDA en de VVD is in soad opskuor. Mar it is noch de fraach oft it kolleezje fan Deputearre Steaten dat stânpunt folget.

Utfierberens

De Partij van de Arbeid komt wat minder op 'e foargrûn en neffens Hetty Jansen is dat om't it byld nuansearre is. "Een plan terugsturen naar de tekentafel betekent ook dat je weer jaren niets doet en dat het daarna nog moeilijker wordt om een plan te maken. Volgens mij zitten er veel goede dingen in, maar de fasering en uitvoerbaarheid moet beter."
Foar de simmer fan takom jier in programma op tafel krije dat yn 'e mande mei de belutsenen gearstald is, dat is neffens Jansen gewoan net reëel.

Net de hakken yn it sân

Jansen fynt it skande dat guon de hakken bot yn it sân sette. "Wij twijfelen niet aan de berekeningen, metingen en modellen." Dat docht VVD-fraksjefoarsitter Zwany van Brussel bygelyks wol, fertelde sy moandei.
Kij yn de greide © Omrop Fryslân
Der moat wol wat barre, seit Jansen. "De natuur moet hersteld worden. Maar begin daar nu mee op de plekken waar dat het beste kan. Ga niet twee derde van de provincie op de schop nemen en denken dat je binnen een jaar daarvoor plannen gereed hebt."
Sy tinkt ek dat de provinsje Fryslân syn eigen plannen trochsette moat, bygelyks as it om de gebietsprosessen yn it feangreidegebiet of om de lânbou op Skiermûntseach giet. "Die programma's moeten we gewoon doorzetten."
It Fochtelerfean © Omrop Fryslân/Remco de Vries
Oan de oare kant moat der yn guon gebieten wol wat barre. Jansen neamt it súdeasten fan de provinsje, mei it Fochtelerfean en it Drents-Friese Wold. "Ik zou iedereen willen oproepen om rond de tafel te gaan of we daar een plan kunnen maken. Gebaseerd op ons stikstofbeleid en de mogelijkheden die bijvoorbeeld de Grondbank biedt. Ik denk dat dat moet kunnen met vrijwillige bijdrage van de boeren."
Der moat yn alle gefallen hannele wurde, is Jansen fan betinken. "Ik vind niet dat we alles voor ons uit moeten schuiven. Dat is een geluid dat je wel eens bij de VVD en het CDA hoort, daar ben ik het niet mee eens."