FIDEO: Nei trije jier wer in Jeugdfûgelwachtdei yn Warkum
Yn Warkum wie dizze sneon nei trije jier wer in Jeugdfûgelwachtdei. Bern koene strune yn de Warkumerwaard en fan alles leare oer bygelyks greidefûgels en muzen. Mar se kinne ek dronefleane en in bijenhotel bouwe.
De dei wurdt organisearre troch de Fûgelwacht fan Warkum. Der wie in soad animo.