Follybalster Marrit Jasper ferruilet Italië foar Frankryk

Marrit Jasper © Orange Pictures
De Snitser follybalynternational Marrit Jasper ferruilet Italië foar Frankryk. Se komt takom seizoen út foar Nantes, dat as fiifde einige is yn de kompetysje.
De follybalster hat har oplieding hân by VC Snits. Dêrnei hat se fjouwer seizoenen by klups yn Dútslân spile en doe twa seizoenen yn Italië. It ôfrûne seizoen einige se mei Cuneo op it sânde plak yn de Italiaanske Searje A, dat as ien fan de bêste kompetysjes fan Europa beskôge wurdt.
"Het werd wel tijd voor wat anders, en dit kwam op mijn pad", seit Marrit Jasper. "Ik heb eerder in Frankrijk gespeeld, en Italië was ook wel ver weg. Frankrijk heeft ook een goede competitie. Daarnaast heb ik geen aanbieding gehad van Cuneo, maar wel een snelle aanbieding uit Frankrijk."

Ambysje

Nantes hat grutte ambysjes. "Ze willen meedoen om het kampioenschap. Ik moet eerst het team en de competitie maar leren kennen. Ik ga er volle bak in en mijn best doen."
Se kin pas yn oktober begjinne omdat se mei it nasjonale team noch oan it WK meidocht. Mei de Nations League ha se lêsten alle fjouwer wedstriden ferlern. Nije wike moat se nei Brazilië foar de folgjende ronde fan de Nations League. "Dan gaan we knallen."
Marrit Jasper