IM easket selstraf tsjin Amelanner (45) dy't holp by selsdeading

© Shutterstock
Tsjin in 45-jierrige man fan It Amelân hat it Iepenbier Ministearje tolve moannen sel easke, wêrfan njoggen ûnder betingst. De man wurdt fertocht fan it helpen by de selsdeading fan in frou.
De fertochte soe de frou guod jûn ha dêr't se harsels mei ombringe koe. It soe gean om in gasflesse mei stikstof, in luchtslang en in plestik pûde. Help by selsdeading is strafber, en mei allinnich jûn wurde troch in dokter, ûnder de regels fan de eutanasywet.
De fertochte en de frou kamen fia in datingapp yn de kunde en praten mei-inoar oer har psychyske klachten. It IM tinkt net dat de man de frou mei ferkearde bedoelingen holp, mar bliuwt derby dat syn hanneljen strafber is.
Hasto gedachten oer selsmoard? Belje nei 113 of chat online op 113.nl.