Eineksamenútslaggen foar 7.160 Fryske learlingen: slagge of net?

Siebrit mei har mem © Omrop Fryslân, Esther Dijkstra
In spannende dei foar in soad learlingen út Fryslân, want de útslaggen fan de eineksamens binne bekend. Tongersdei krigen learlingen fan it vmbo (teoretysk en mingd learpaad), havo en vwo harren resultaat fan it sintraal skriftlik eksamen.
Nije wike binne learlingen fan it foarskoalsk fuortset ûnderwiis en basis oan bar. Mei-inoar giet it om 7.160 Fryske learlingen dy't eineksamen dien ha.
Fryske learlingen yn spanning: ha se it eineksamen helle?
Sa ek Siebrit Bleeker, dy't vmbo teoretysk op it CSG Ulbe van Houten yn Sint-Anne dien hat. Se hat dysleksy en hat har fjouwer jier lang ekstra ynset om har stúdzje by te hâlden. "Ik moest er hard voor werken. Door mijn dyslexie vind ik het lastig om te lezen en woordjes te leren. Maar door hulp van anderen en hard werken, is het toch gelukt."
Ek dosint Ingelsk Alyt Haanstra fan de skoalmienskip yn Sint-Anne siet yn spanning. "Fan 'e moarn kamen de útslaggen binnen, dan is it ek spannend foar ús wa't der slagge is."
Dan bist hiel bliid as se in soad punten skoard hawwe en tinke je as dosint: ik ha it dochs goed dien.
Alyt Haanstra, dosint Ingelsk
Doe't de noarmearring binnenkaam wêrmei't de dosinten rekenje mochten, wie se nijsgjirrich. "Ik tocht wol: hoe ha se it dien? Dan bist hiel bliid as se in soad punten skoard hawwe en tinke je as dosint: ik ha it dochs goed dien."

Coronafirus

Neffens Jeroen Kloosterman, eksamenkoördinator fan oerkoepeljend Campus Middelsee, wurdt der yn de noarmearring noch altyd rekken hâlden mei de gefolgen fan it coronafirus. "It is nochal in puzel, want je kinne de finger op ien fak sette. Guon learlingen hawwe ien fak net makke, mar binne slagge troch dit fingersysteem", leit er út.
"Foar dosinten is it derom tinken en neirekkenjen." Boppedat meie studinten net ien, mar twa fakken opnij besykje as se de earste kear net slagje. "Ik ferwachtsje dat it takom jier wer normaal is", seit Kloosterman.

Slagge

Learlingen fan it foarskoalsk fuortset ûnderwiis en basis krije harren útslach op woansdei 15 juny. Fanwege corona mochten studinten dit jier de eksamens spriede oer twa perioaden. En omdat net alle eksamens yn koarte tiid neisjoen wurde kinne, is der mei de papieren eksamens begûn en komme de digitale eksamens nije wike.
Foar Siebrit is de útslach net hiel spannend, fertelt se. Sy hat har eksamenantwurden al mei har mem kontrolearre en hat der alle fertrouwen yn. Terjochte, sa docht bliken as om healwei fjouweren har dosint oanbellet mei it goede nijs. Siebrit is slagge!
Siebrit is slagge en hat de flagge út © Omrop Fryslân, Esther Dijkstra