'It goud fan Noardwest-Fryslân': gebiet moat ekonomysk better op de kaart

It stasjon by de haven fan Harns mei de fjoertoer fan Harns © Omrop Fryslan, Sian Wierda
Noardwest-Fryslân is goud. Mei dat boadskip wolle de gemeenten Waadhoeke en Harns, de ûndernimmers en it ûnderwiis elkenien dúdlik meitsje hoe oantreklik oft it gebiet is.
Op in moarnsbrochje yn de Maritieme Academie yn Harns waard tongersdeitemoarn it programma lansearre. Mei de webside 'Het goud van Noordwest-Fryslân' moat dúdlik makke wurde wêr't kânsen lizze. De latte leit heech: oer in pear jier moat 22 persint ekonomyske groei realisearre wêze yn it gebiet.
Jeroen de Boer is út de ûndernimmerskant wei belutsen by it projekt: "Dan sjogge we nei 2018 as startpunt. It is ek hiel hurd nedich. Benammen út ekonomysk eachpunt wei. We rinne efter op de Rânestêd en oare parten fan Nederlân. It werstelfermogen is ek net goed. Nei in ekonomyske krisis duorret it folle langer om wer op peil te kommen."
De Boer hopet dat bedriuwen inoar opsykje. "No sjogge je dat lytse bedriuwen hast gjin tiid ha foar ynnovaasje. Miskien leit de oplossing wol trije bedriuwen fierderop, mar witte se dat net fan inoar."
'It goud fan Noardwest-Fryslân': gebiet moat ekonomysk better op de kaart NIJ
De rol fan it ûnderwiis is fan grut belang. Dy leverje it personiel fan de takomst. Mar yn de gearwurking tusken bedriuwen en ûnderwiis kin in soad ferbettere wurde, seit Oene Krist. Hy is út it ûnderwiis wei keppele oan it programma.
"It hat te meitsjen mei krapte op de arbeidsmerk, mar ek mei in 'mismatch' tusken wat der oplaat wurdt en wat frege wurdt út de ûndernimmers wei. We moatte inoar opsykje om sa it ûnderwiis mear betsjutting te jaan om't it dan folle better oanslút by de praktyk."

Fêstigingsklimaat ferbetterje

De beide gemeenten Harns en Waadhoeke hawwe as doel it fêstigingsklimaat te ferbetterjen, seit Baukje Postma. "Je moatte fan inoar witte wêr't je inoar fersterkje kinne. Dat net eltsenien op syn eigen terp stean bliuwt, mar dat je inoar oanfolje."

Perspektyf

Krist hopet dat hy benammen jongeren hjir, yn it eigen gebiet, perspektyf biede kin: "Ja, dat as se fan skoalle komme se earst hjir om har hinne sjen kinne foar in baan. Dat se hjir wenjen bliuwe kinne, karriêre meitsje. Dat is goed foar de folsleine leefberens yn Noardwest-Fryslân."