Wer in needgjalp fan asylsikers WTC by Buma: "Nobody gives you any hope"

In pear tsientallen asylsikers hawwe by it Ljouwerter stedhûs protestearre tsjin de útsichtleaze situaasje yn de opfanghal fan it WTC. It is de twadde kear dat bewenners nei boargemaster Sybrand Buma ta giene.
Boargemaster Buma harket nei ien fan de flechtlingen © CAMJO media
Ut ûnfrede mei de omstannichheden yn de Friezenhal giene sa'n fyftich bewenners yn optocht fan de opfanghal nei boargemaster Buma om ferhaal te heljen. Hy ûntfong de aksjefierders op it Hofplein en spruts koart mei harren.
De aksjefierders sieten op de grûn en hiene tekstbuordjes mei needgjalpen mei. "It is difficult to wait so long", sei in flechtling dy't al acht moannen yn it WTC sit tsjin Buma.
De boargemaster koe gjin beloften dwaan, hy joech oan dat de situaasje dreech is. Buma fertelde sels yn it WTC west te hawwen en him dus gjin yllúzjes te meitsjen.

IND op besite

Op 21 juny komt de Immigratie- en Naturalisatiedienst (IND) nei Ljouwert, sa't de flechtlingen dúdlik meitsje kinne hoe heech de need is oer de situaasje en proseduere. Der is ûndersocht of in IND-kantoar yn it WTC mooglik is, mar neffens Buma is it mar de fraach oft de proseduere dêrmei rapper giet.
De boargemaster praat mei in bern út de opfang © CAMJO media
"Nobody gives you any hope", sei de man tsjin Buma. De boargemaster prate ek mei in oantal bern. De gemeenteried woe der mei in moasje foar soargje dat der gjin nije bern mear yn it WTC komme, mar dat liket noch hieltyd it gefal.
Het is buiten op een stoel in Ter Apel, of dit. We zitten vol.
Boargemaster Sybrand Buma
Buma seit yn te sjen dat it gjin plak foa bern is, mar seit ek dat it systeem net samar feroare wurde kin. "Het is buiten op een stoel in Ter Apel, of dit. We zitten vol."

Minne omstannichheden

It COA (Centraal Orgaan opvang Asielzoekers) hat gemeente Ljouwert yn septimber 2021 frege om in tydlike needopfang foar 600 flechtlingen yn te rjochtsjen. De gemeente stimde ta en de earste flechtlingen kamen op 4 novimber oan. Mar de flechtlingen sitte der noch hieltyd.
It protest mei buordsjes © CAMJO media
Yn it WTC wenje minsken út bygelyks Afganistan, Syrië en Jemen, ûnder har sa'n 150 bern. De omstannichheden smite spanningen op, want yn de hal is in soad leven, der is gjin deiljocht, der binne gjin muorren en plafonds. En dus ek net in soad privacy.
Bewenners skreaune in brânbrief, setten in petysje op en fierden ferline wike ek al aksje. It COA, de gemeente en organisaasjes as Vluchtelingenwerk fine de opfang net winsklik, mar in oplossing is der mei de hjoeddeiske wenningkrapte ek net gau. Boargemaster Buma is wol fan doel om de opfang fan novimber ôf te sluten.
Wer in needgjalp fan asylsikers