De toan fan Froukje Sijtsma: "Haw ik wat fan dy oan, ofsa?"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Ik hie hielendal net yn de gaten dat ik ûnfoech nei har oan it staren wie. Se wie tink in jier as 17, sa'n fiif jier âlder as ik. Ik koe har net, mar se stie mei oare jongeren út myn doarp by de pingpongtafel fan it iepenloftswimbad.
De toan fan Froukje Sijtsma
Ik hie krekt in middei mei in pear freondintsjes te swimmen west. Ik hie my al oanklaaid en stie op de oaren te wachtsjen. Underwylst seach ik wat dreamerich om my hinne en sûnder dat ik my der bewust fan wie observearre ik it ûnbekende famke. "Haw ik wat fan dy oan, ofsa?", sei se snibbich. Ik fielde my oanfallen en sei: "Dat liket my sterk, ik draach gjin fodden fan de kringloop."
Oergryslik stoer praat fansels, mar eins wie der gjin sek fan wier. Ik hie thús yn de kasten nammentlik net allinnich nije klean lizzen, mar ek wol guod dat ik fan oaren trochskood krigen hie. Sa krige ik de klean dy't myn sus te lyts wienen, en soms gienen dy ek noch wolris troch nei suskes ûnder my. Ek fan famylje en buorlju krigen wy geregeld pronkjes foar de garderôbe. En oars strúnde ús mem sels wol efkes by de twaddehânsk kleanmerk, dy't sa no en dan organisearre waard yn it doarp.
Doe't ik in jier as acht wie, kaam ús mem ris mei in alderaardichst griis joggingspak oansetten. Ik wie der hiel bliid mei, mar doe't ik it oanluts, sei ik tsjin mem: "Dit pakt rûkt nei in famke út myn klasse." Us mem miende dat dat wol in slach tafalle soe. Mar doe't ik it joggingspak in pear dagen letter op skoalle oanhie en krekt datselde famke sei dat sy dat pak ek hie, wist ik genôch en woe ik noait wer guod fan de kleanbeurs út it doarp oan hawwe.
Dochs bestiet eins noch altyd in grut part fan myn kleankast út twaddehânsk peareltsjes. As puber gong ik mei freondinnen nei it Waterlooplein yn Amsterdam om leuke wide pipebroeken te keapjen of kleure colberkes. En noch altyd strún ik graach nei leuke jurkjes op frijmerken of garaazjeferkeapen.
Ek fia apps as Vinted of Marktplaats skarrelje ik geregeld sa goed as nije merkklean by inoar. De miskeapkes fan in oar nim ik graach foar in pear sinten oer. It oanskaffen fan twaddehânsk klean wie yn de tiid fan myn jonge jierren miskien noch wat in taboe. Mar it keapjen fan droegen klean is hjoed-de-dei hielendal ynboargere, en sirkulêre moade is foar in soad minsken sels in libbensoertsjûging wurden.
Oeral fine je leuke twaddehânsk kleansaakjes en op ferskillende plakken yn Fryslân bestiet sels in 'Kledingkettingruil'. Dit inisjatyf stiet op dit stuit yn de 'Duurzame 30'-ferkiezing fan de Ljouwerter Krante. Dizze ferkiezing is spesjaal foar minsken en bedriuwen út Fryslân, Grinslân en Drinte dy't harren ynsette foar in duorsume wrâld.
Sels sit ik al in skoft yn de Kledingkettingruil fan Ljouwert. Dêrby rûlearje tsientallen froulju harren klean. Ienris yn de moanne krij ik in grouwe shopper mei guod. Ik helje der bygelyks in broek of shirtsje út en doch der dan wer in jurkje of sjaal yn. Ik fyn it hiel noflik om op dizze duorsume wize klean oan te skaffen. Sa wikselje ik gauris fan garderôbe, en pas ik kleanstikken dy't ik sels oars net sa gau yn in winkel útsocht hie. Boppedat besparje ik fansels bakken mei jild.
Tsjin it famke yn it swimbad fan doedestiids woe ik noch sizze: "Sorry, dat ik sa ûnaardich tsjin dy wie." En mochtsto my oait nochris tsjinkomme en tinke: 'Bliksem, hat dat frommes wat fan my oan ofsa?", dan kin ik dy fertelle: "Dat soe samar ris kinne, want ik shop graach moaie pronkjes út de kringloop.""